Cecilia (liet fan Simon & Garfunkel)
Cecilia is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel yn 1969 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album Bridge over Troubled Water fan Simon & Garfunkel út 1970. Cecilia wie it tredde nûmer op it album en waard op 20 april 1970 útbrocht as tredde single fan it album.
Cecilia | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | The Only Living Boy in New York | |
artyst | Simon & Garfunkel | |
album | Bridge over Troubled Water | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Folk | |
útbrocht | 20 april 1970 | |
opnommen | Columbia Studio's B and E, 1969 | |
doer | 2:54 | |
label | Columbia | |
skriuwer | Paul Simon | |
produsint | Roy Halee, Art Garfunkel, Paul Simon | |
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 2, Single top 100 - 1, Ultratop 50 - 3 | |
sertifisearre | Grut-Brittanje sulver, Feriene Steaten goud | |
tal covers | 12 |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeCecilia waard skreaun troch Paul Simon, en ûntstie nei in feest dêr't Simon en Art Garfunkel oanwêzich west hiene. De rigel makking love in the afternoon wie ien fan de meast eksplisite teksten dy 't Simon oant dan ta skreaun hie. De tekst fan it nûmer giet oer in man waans beminde him sawol eangst as gejubel jout; sa leit der in oare man njonken syn leafste op bêd wylst er syn gesicht oan it waskjen is.
Muzikanten
bewurkje seksje- Paul Simon - Sang & Gitaar
- Art Garfunkel - Sang
Gastmuzikanten
bewurkje seksje- Joe Osborn - Bas
- Jimmie Haskell en Ernie Freeman - Strings
- Gary Coleman - Fibrafoan
- Larry Knechtel - Toetsen
- Hal Blaine - Drums & Perkusje