Sesilia fan Grikelân en Denemark

Sesilia fan Grikelân en Denemark (berne op 22 juny 1911 yn Atene - ferstoarn op 16 novimber 1937 yn Oostende) wie fan berte in Grykske en Deenske prinsesse, dy't troch har houlik mei George Donatus, troanpretindint fan it Gruthartochdom Hessen, de titulêr erflike gruthartoginne-gemalinne fan Hessen-Darmstadt waard. Hja wie de op twa nei âldste suster fan prins Philip, hartoch fan Edinburg.

Sesilia fan Grikelân en Denemark
aadlik persoan en/of hearsker
Sesilia yn 931
Sesilia yn 931
echte namme Sesilia fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg
nasjonaliteit Gryksk
bertedatum 1 juny 1911
berteplak Atene (Keninkryk Grikelân)
stjerdatum 16 novimber 1937
stjerplak Oostende (Belgje)
dynasty Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg

Sesilia wie de tredde fan de fiif bern fan prins Andréas fan Denemark en prinsesse Alice fan Battenberg en waard op 2 july 1911 doopt. Alhoewol't hja de Balkankrigen (1912-1913), de Earste Wrâldkriich (1914-1918) Gryksk-Turkske Kriich (1919-1922) meimakke, hie hja lokkige bernejierren. Hja woeks û.o. op yn Tatoi en yn it slot Mon Repos op it eilân Korfû. De konflikten hiene lykwols grutte gefolgen foar de noch jonge prinsesse en har famylje; nei in militêre steatsgreep yn 1922 waard de famylje it lân útwiisd.

 
Troufoto fan erfgruthartoch George Donatus en gemalinne Sesilia

Tusken 1917 en 1920 folge de ferballing nei Switserlân en dêrnei nei Frankryk (1922-1936). Yn dy tiid wie de famylje ôfhinklik fan de rynskens fan harren bûtenlânske famyljeleden. Yn Frankryk wenne Alice mei har bern yn Parys, wylst har heit yn Monte Carlo wenne. Har mem Alice iepene in keunstsaak, dêr't hja skilderijen en borduerwurk ferkocht. Yn 1930 waard har mem troffen troch in psychyske sûnenskrisis. Op oantrunen fan har omke Louis Mountbatten waard har mem oant 1933 opnommen yn in Switsersk psychiatrysk sikehûs oant 1933.

It jier 1929 brocht in ommekear yn Sesilia's libben. Hja krige in relaasje mei har neef fan har memmekant, George Donatus, erfgenaam fan de titel Gruthartoch fan Hessen. Nei't hja yn 1931 troude mei George Donatus ferhûze hja nei Darmstadt. Dêr krigen hja trije bern:

  • Ludwig Ernst Andreas (berne op 25 oktober 1931 - ferstoarn op 16 novimber 1937 by it fleantúchûngelok)
  • Alexander Georg Karl Heinrich (berne op 14 april 1933 - ferstoarn 16 op novimber 1937 by it fleantúchûngelok)
  • Johanna Marina Eleonore (berne op 20 september 1936 - ferstoarn op 14 juny 1939)

Ynearsten hiene George Donatus en Sesilia neat mei de nazybeweging fan dwaan, fral ek om't har skoanheit Ernst Ludwig Hitler as gefaar seach, mar nei syn dea yn 1937 waarden beide lid fan de NSDAP. Yn itselde jier rekke hja swier fan in fjirde bern. Net in soad letter soene George Donatus en Sesilia mei harren twa soannen nei it Feriene Keninkryk om it houlik fan har sweager prins Louis mei Margaret Campbell Geddes by te wenjen. Underweis soe it fleantúch in lâning meitsje yn Brussel, mar dat slagge net fanwegen in swiere mist. It fleantúch besocht dêrnei yn Oostende te lânjen, mar dêr wie it sicht ek net bêst en by de lâning rekke it fleachtúch in fabrykspipe. It fleantúch rekke yn 'e brân en stoartte del, wêrby't alle ynsittenden om it libben kamen.

De lichems waarden oerbrocht nei Darmstadt, dêr't hja op 23 novimber begroeven waarden yn it gruthartogelik mausoleum fan Rosenhöhe.

Harren dochterke Johanna wie yn it slot Wolfsgarten yn Langen bleaun en waard nei it ûngelok troch har omke Ludwig en syn frou adoptearre. Johanna ferstoar lywols al yn 1939 oan meningitis (harsenfluesûntstekking). It famke war tichteby har famylje op de Rosenhöhe begroeven.

It fleantúchûngelok waard yn 2017 yn it ferfolch fan de Britske searje "The Crown" (seizoen 2, ôflevering 9) op film set, alhoewol't de ferfilming histoarysk net oeral like krekt is.