</noinclude> Charles Henry Jewtraw (Clinton County, New York 5 maaie 1900 - Palm Beach, 26 jannewaris 1996) wie in Amerikaansk reedrider. Charles Jewtraw wûn op de Winterspullen fan 1924, dy't yn Chamonix holden waarden, de gouden medalje op de 500 meter. Om't dit de earste wedstriid op dizze earste Winterspullen wie, waard er dermei ek de earste olympysk kampioen by de Olympyske Winterspullen. De Olympyske Spullen fan Chamonix wie it iennige ynternasjonale toernoai dêr't Jewtraw oan meidie. Nei de spullen hold Jewtraw op mei it reedriden op heech nivo, en waard fertsjintwurdiger foar in bedriuw yn sportartikels. Charles Jewtraw ferstoar op 26 jannewaris 1996, yn 'e aldens fan 95 jier.

Charles Jewtraw
Reedrider
Charles Jewtraw (1921)
Charles Jewtraw (1921)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Henry Jewtraw
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 5 maaie 1900
berteplak Clinton County
stjerdatum 26 jannewaris 1996
stjerplak Palm Beach
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
O.S. Chamonix 1924
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1924

Persoanlike rekôrs

bewurkje seksje
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 44,0 26 jannewaris 1924   Stade Olympique de Chamonix, Chamonix
1500 meter 2.31,6 27 jannewaris 1924   Stade Olympique de Chamonix, Chamonix
5 km 9.27,0 26 jannewaris 1924   Stade Olympique de Chamonix, Chamonix


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL