Charles Osgood
Charles Osgood (Salem (Massachusetts), 25 febrewaris 1809 - dêre 2 juny 1890) wie in Amerikaansk keunstskilder.
Biografy
bewurkje seksjeCharles Osgood wie in soan fan kaptein Nathaniel Osgood en syn wiif Elizabeth. Hy wie de twadde fan acht bern. Yn Salem gie er nei de Mr. Archer’s School. Hy krige ûnderrjocht yn de keunst yn Boston by portretskilder Chester Harding (1792–1866) en kopiearre ek in tal fan dy syn wurken, sa as it skilderij fan presidint John Quincy Adams. Doe't er 18 jier wie iepene er syn earste atelier. It jier dêrop goe er werom nei Salem, dêr't er, allinne ûnderbrutsen troch in jier yn New York City (om 1840), oant syn dea ta wenjen bleau. 1838 boaske er oan Susan (Susannah) Ward, dy't yn 1844 nei de berte fan harren fjirde bern ferstoar. Troch sy frou wie Osgood besibbe mei de skilder Abel Nichols (1815–1860) dy't er ek skilderles joech.
Charles Osgood makke in tal lânskippen, mar yn 'e haadsaak skildere er ynwenners fan Salem en omkriten. Allinne al fan 1827 oant 1863 makke er sa'n 1000 skilderijen. Ta syn meast ferneamde wurken heart it portret fan de ek út Salem ôfkomstige skriuwer Nathaniel Hawthorne. As Salems liedend portretskilder mids 19e iuw, waard er 1863 opnaam yn it wittenskiplik-kulturele selskip Essex Institute. Om reden fan syn betsjutting as gronikeur fan syn tiid en de skiednis fan de regios Salem en Boston is syn wurk fral te finen yn histoaryske gebouwen en pleatslike museums foar skiednis lykas it Peabody Essex Museum yn Salem en it Worcester Historical Museum. By de pear keunstmuseums dy't wurk fan him op 'e noed hawwe binne it Indiana University Art Museum yn Bloomington (Indiana) en it Bowdoin College Museum of Art yn Brunswick (Maine).
Portretten
bewurkje seksje-
Famke yn reade stoel
-
Henry Ware sr.
-
John Winthrop
-
Ruth Buffum
-
Nathaniel Bowditch
Literatuer
bewurkje seksje- Glenn B. Opitz: Mantle Fielding’s Dictionary of American Painters, Sculptors & Engravers. Apollo Book, Poughkeepsie 1987, ISBN 0-938290-04-5.
- George C. Groce, David H. Wallace: The New-York Historical Society’s Dictionary of Artists in America 1564–1860. Yale University Press, New Haven 1979, ISBN 0-300-00519-9.
- Frederic A. Sharf: Charles Osgood: The Life and Times of a Salem Portrait Painter. Yn: Essex Institute Historical Collections 102, 1966, s. 203–212.
- John H. Wright, Frederic A. Sharf: Charles Osgood (1809–1890), The Prolific Portrait Painter of Salem, Massachusetts. Essex Institute, Salem (Massachusetts) 1978.