Salem (Massachusetts)

Salem is in stêd yn de Amerikaanske steat Massachusetts, sa'n 23 km noardeastlik fan Boston. De stêd hat 40.992 ynwenners yn 2007. De namme "Salem" is ôflaat fan it Hebriuwske wurd sjalom, dat 'frede' betsjut.

Salem
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Massachusetts
County Essex
Sifers
Ynwennertal 40.922 (2007)
Oerflak 46,8 km²
Befolkingsticht. 1948,7 / km²
Hichte 3 m
Oar
Stifting 1629
Tiidsône (UTC5)
Simmertiid (UTC-4)
Offisjele webside
www.salem.com
It heksemuseum yn Salem
Plak fan Salem yn Essex County yn Massachusetts

Salem waard 1626 fan in rûnte purityske fiskers om Roger Conant hinne stifte. Salem is fral ferneamd troch de hekseprosessen fan Salem fan 1692, op 't heden in moaie toeristyske ynstruier foar de stêd. Hoewol't de prosessen yn Salem holden waarden, kamen de measte fertochten út it eartiidske Salem Village, dêr't de namme fan letter feroare waard yn Danvers. Arthur Miller syn toanielstik The Crucible út 1953 makke Salem wrâldwiid ta in begryp.

Salems meast wichtige rol yn de skiednis fan de Feriene Steaten is lykwols dat it in havenstêd fan belang wie foar de hannel mei it Fiere Easten. Dy hannel makke fan Salem in rike stêd yn de 18e en 19e iuw, wat noch goed te sjen is oan de protte âlde huzen.

Ferneamde lju út Salem

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje