Charles Robinson (yllustrator)
Charles Robinson (Londen, oktober 1870 – 1937) wie in Britsk yllustrator fan boeken.
Hy wie in soan fan in tekener en syn bruorren Thomas Heath Robinson en William Heath Robinson waarden en ek yllustrators. Hy gie yn de lear by in útjouwer/drukker en folge keunstles yn de jûntiid. Hy wûn in lidmaatskip fan de Royal Academy yn 1892, mar dat koe net trochgean om reden fan jildkrapte.
It earste echte boek dat er yllustrearre wie A Child's Garden of Verses (1895) fan Robert Louis Stevenson, dat goed 100 pin- en inkettekenings hat. It boek wie tige populêr, waard faak op 'en nij printe en smiet in soad jild op. Hy yllustrearre in protte mearkes en berneboeken yn syn warber libben, lykas Eugene Field har Lullaby Land (1897), Child Voices fan W. E. Cule (1899), Friedrich de la Motte Fouqué syn Sintram and His Companions (1900), Alice's Adventures in Wonderland (1907), Grimm's Fairy Tales (1910), Frances Hodgson Burnett har The Secret Garden (1911) en boeken fan Walter Copeland Jerrold en himsels.
Hy wie teffens warber as skilder, benammen yn syn lettere libben.
Priveelibben
bewurkje seksjeRobinson boaske 1897 oan Edith Mary Favatt yn Middelseks. Sy krigen fjouwer dochters en twa soannen.
Galery
bewurkje seksje-
Cinderella, 1900
-
Autumn from the Seasons, 1920
-
The rich making merry in their beautiful houses while the beggars were sitting at the gates, 1913
Biografy
bewurkje seksjeCharles Robinson fan Leo de Freitas. Londen: Academy Editions; New York: St. Martins Press, 1976. ISBN 0-85670-277-3. ISBN 0-85670-282-X (pbk.).