Charles Stewart Rolls
Charles Stewart Rolls (Londen, 27 augustus 1877 - Bournemouth, 12 july 1910) wie in auto- en loftfeartpionier, dy't tegearre mei Frederick Henry Royce it bedriuw Rolls-Royce Limited oprjochte hat.
C. S. Rolls waard berne as soan fan 1e Baron Llangattock. Hy studearre oan it Eton College en it Trinity College yn Cambridge en hie al mei jonger jierren niget oat motors. Rolls moete Frederick Henry Royce en tegearre stichten sy yn 1904 it autofabryk Rolls-Royce. Rolls die de ferkeap en de saaklike kant fan it bedriuw wylst Royce him dwaande hold mei de technyk.
Rolls wie in frijwat dryste pionier en helle as twadde yn it Feriene Keninkryk in fleanbrevet by de Royal Aero Club. As piloat fleach Rolls yn 1910 as earste yn ien kear twaris oer it Kanaal. Itselde jier wie er de earste Brit dy't dearekke by in ûngemak mei in fleanmasine. Dat wie by Bournemouth mei in Wright Flyer.
-
Stânbyld fan Rolls op Agincourt Square, Monmouth
-
Stânbyld fan Rolls yn Dover
-
Rolls famyljegrêf, Llangattock-Vibon-Avel, Monmouthshire