Charles de Lambert

Charles Alexandre Maurice Joseph Marie Jules Stanislas Jacques, greve de Lambert (Funchal (Madeara), 30 desimber 1865 - Saint-Sylvain-d'Anjou, 26 febrewaris 1944) wie in Frânsk loftfeartpionier. Hy makke de earste flecht boppe Nederlân.

Charles de Lambert
Charles de Lambert
Charles de Lambert
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Alexandre Maurice Joseph Marie Jules Stanislas Jacques, greve de Lambert
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 30 desimber 1865
berteplak Funchal
stoarn 26 febrewaris 1944
stjerplak Saint-Sylvain-d'Anjou
wurkpaad
berop/amt Piloat, ûndernimmer

Lambert waard berne yn it Portugeeske Madeara, mar studearre yn Pau yn Frankryk. Lambert wie yn 't earstoan dwaande mei glydboaten. Hy boaske op 3 juny 1893 mei de Ingelske Cordelia Mary Consett; sy krigen ien dochter, Marguerite.

De Lambert syn nasjonaliteit bestiet wat betizing oer. Syn Frânske pake en beppe ferlieten Frankryk ûnder de Frânske Revolúsje en ferfearren nei Ruslân, dat hy soe de Russyske nasjonaliteit hawwe. Lambert wie in soan fan in Russyske generaal en in Frânske mem, dochter fan Louis Stanislas Savary, greve fan Lancosme. Hy hat ek in skoft yn Luik, dêrom beskôgje guon boarnen him ek wol as Belg.

 
Charles de Lambert yn Etten-Leur
 

Yn 1893 besocht Lambert fergees om te fleanen mei it tastel fan Hiram Maxim. Dêrnei kocht er in sweeftastel fan Otto Lilienthal. Doe't Wilbur Wright yn 1908 yn Frankryk de earste fleanskoalle begûn yn Le Mans, wie Lambert ien fan de earste trije persoanen dy't les fan him krigen; de oaren wiene Paul Tissandier en Paul Nicolas Lucas-Girardville. In stikmannich moannen letter waard de skoalle ferset nei Pau. Op 18 maart 1909 makke er syn earste soloflecht boppe Pau. Op 7 oktober 1909 helle er syn fleanbrevet: nr. 8.

Yn 1909 betocht Sybrand Heerma van Voss, de direkteur fan it sûkerfabryk Van Breda, Dolk en Van Voss yn Etten-Leur (doedestiids noch Leur) it plan om by gelegenheid fan it 40-jierrich bestean fan syn fabryk de earste flecht boppe Nederlân te organisearjen. Ynearsten wie de Frânsman Léon Delagrange dêrfoar frege, mar úteinlik waard it Lambert. Snein 27 juny 1909 wie in rûzige dei en pas oan de ein fan de dei, doe't in prote taskôgers al nei hûs ta wiene, makke Lambert fan de Klappenberchske Heide ôf in flecht fan 3,5 minuten yn syn Wright Flyer.

Yn 1909 besocht Lambert It Kanaal oer te stekken en sadwaande de priis fan de Daily Mail te bemachtigjen. Mar syn tastel krige motorproblemen en it waard Louis Blériot dy't de oerstek as earste makke op 25 july 1909. In stikmannich moannen letter besette Lambert wol in tal prizen op it Grande Quinzaine de l'Aviation de Paris en helle op de lêste dei, 18 oktober 1909, in huzarestik út troch nei de Eiffeltoer en werom te fleanen, in ôfstân fan 48 kilometer dêr't er sa'n 50 minuten oer die. Hy krige fuortynienen de Grutte Medalje yn Goud útrikt troch de Aéroclub de France en waard beneamd ta Ridder yn it Legioen fan Eare.

Hy wie de glydboat (hydroplane) lykwols net fergetten en hold op mei de fleanderij. Yn 1913 koe syn ûntwerp foar de glydboat it wrâldrekord op wetter ferbrekke mei 98,6 km/o; Paul Tissandier siet oan it sjoer. Yn 1920 rjochte er mei Tissandier it earste glydboatefabryk fan de wrâld op yn Nanterre. Yn 1924 ûntfong er de titel markys. Oant 1931 bouden se tegearre oan glydboaten, mar dêrnei rekke it jild op.

Charles de Lambert syn ûnthâld waard hurd minder oan de ein fan syn libben. Hy stoar bankrot op 26 febrewaris 1944.

Yn Etten-Leur oan de Rijsbergseweg by Rijsbergen stiet sûnt 1935 in monumint, in stiennen nulle, ta oantins fan de earste flecht boppe Nederlân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: