Charlotte Mutsaers
Charlotte Jacoba Maria Mutsaers (Utert, 2 novimber 1942) is in Nederlâns skriuwster, essayiste en keunstskilderes.
Libbensrin
bewurkje seksjeMutsaers waard berne as dochter fan de keunsthistoarikus Barend Mutsaers, dy't oan de Universiteit Utert stie.[1] Nei it gymnasium studearre hja earst Nederlânsk yn Amsterdam. Dêrnei waard sy dosinte Nederlânsk oan it Heger beropsûnderwiis. Wilens die sy de jûnsoplieding tekenjen en skilderjen oan de Gerrit Rietveld Akademy, ek yn Amsterdam. Koart nei har eineksamen yn skilderjen en frije grafyk waard se as dosint skilderjen oan dy akademy beneamd. Sy hat dêr goed tsien jier lesjûn.
Neist skilderijen en grafyk hat Mutsaers ek postsegels ûntwurpen, yllustraasjes makke foar de Boekebylage fan it opinyblêd Vrij Nederland en tal fan boeken fan in omslach foarsjoen.
Mutsaers har skilderijen waarden ûnder oaren útstald by bij Piet Clement, yn it Frans Hals Museum te Haarlim, it Gemeentemuseum fan Arnhim, de Nije Tsjerke te Amsterdam en Museum de Beyerd te Breda. Op de tentoanstelling Paraat met pen en penseel yn it Nederlânsk Letterkundich Museum yn De Haach yn 2010 waard Mutsaers har dûbele talint beljochte.
Earst om har 40e hinne sette Mutsaers útein mei de skriuwerij. Op 2 april 2010 hat de NPS de dokumentêre De wereld van Charlotte Mutsaers útstjoerd, in film fan Suzanne Raes. Maaie 2010 krige Mutsaers foar har literêre fertsjinsten de P.C. Hooft-priis útrikt.
Privee en polityk
bewurkje seksjeMutsaers is troud mei de neerlândikus Jan Fontijn. Sy wenje ôfwikseljend yn Amsterdam, Oostende en Frankryk.
By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 stie se lykas in protte oare bekende Nederlannen op de list fan gadingmakkers foar de Partij foar de Bisten.
Bibliografy
bewurkje seksje- 1983 - Het circus van de geest (emblemata) (ISBN 90-290-1714-7)
- 1985 - Hazepeper gevolgd door Napoleon, Sunt pueri pueri... en Varia (essees) (ISBN 90-290-1960-3)
- 1986 - Mijnheer Donselaer zoekt een vrouw (byldferhaal) (ISBN 90-290-2467-4)
- 1988 - De markiezin (roman) (ISBN 90-290-3869-1)
- 1988 - Hanegeschrei (byldferhaal) (ISBN 90-290-3527-7)
- 1990 - Kersebloed (essees) (ISBN 90-290-2863-7)
- 1994 - Rachels rokje (roman) (ISBN 90-290-5681-9)
- 1996 - Paardejam (essees) (ISBN 90-290-5046-2)
- 1999 - Zeepijn (ferhalebondel) (ISBN 90-290-5946-X)
- 2002 - Bont. Uit de zoo van Charlotte Mutsaers (ISBN 90-290-7170-2)
- 2003 - Cheese! (boek en cd) (ISBN 90-5444-078-3)
- 2008 - Koetsier Herfst (roman) (ISBN 978-90-234-2757-5)
- 2010 - Pedante pendules en andere wekkers (essees) (ISBN 978-90-234-5989-7)
- 2012 - Dooier op drift (poëzy) (ISBN 9023474589)
- 2012 - Sodom revisited (poëzy, útjefte yn de Matchboox-rige mei artwork fan Louis Gauthier) (ISBN 9789461800053)
- 2015 - Tongetje in de Bijenkorf (ISBN 978-90-476-1919-2)
- 2017 - Harnas van Hansaplast (ISBN 9789492478450)
Sekundêre bibliografy
bewurkje seksje- 2000 - Fik & snik. Over Charlotte Mutsaers, schilderes en schrijfster (ISBN 90-290-6752-7)
- 2010 - Paraat met Pen en penseel, gearstald troch Daan Cartens. Skriuwersprinteboek nûmer 55 fan it Letterkundich Museum en teffens katalogus fan har skilderijen. (ISBN 978-90-234-4128-1)
- 2012 - Niels Cornelissen: Armando, Brakman, Mutsaers. Over filosofie en literatuur. (proefskrift Leien útjûn troch Klement).
- 2018 - Barbara Fraipont: Humaniteit uw naam is dier. Zoöpoëticale en -politieke configuraties in het werk van Charlotte Mutsaers.(proefskrift Université de Louvain)
Prizen
bewurkje seksje- 1992 - Jan Greshoffpriis foar Kersebloed
- 2000 - Konstantyn Huygenspriis foar har hiele oeuvre
- 2000 - Jacobus van Looypriis foar har hiele oeuvre
- 2000 - Busken Huetpriis foar Zeepijn
- 2010 - P.C. Hooft-priis[2]
- 2012 - Beneamd ta bûtenlânsk earelid fan de Keninklike Flaamske Akademy foar Letterkunde.
- 2014 - Beneamd ta lid fan de Akademy fan Keunsten (ûnderdiel fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|