Chattahoochee (rivier)

De Chattahoochee is in rivier fan sa'n 690 km langte, dy't yn it noardeasten fan de Amerikaanske steat Georgia ûntspringt en troch westlike foarstêden fan Atlanta streamt. Tegearre mei de Flint River foarmet er de betreklik koarte Apalachicola yn Floarida dy't yn de Golf fan Meksiko útmûnet. Meiïnoar foarmje de ôfwetteringsgebieten it Apalachiacola–Chattahoochee–Flint River Basin (ACF River Basin).

De rin fan de Chattahoochee, yn 't donkerblau
Chattahoochee by Norcross, Georgia
ferdivedaasje oan de Chattahoochee

De Name Chattahoochee komt út de taal fan de Sjeroky (Cherokee) en betsjut 'beskildere rots'. Yn 1978 waard it rekreäasjegebiet Chattahoochee River National Recreation Area ynrjochte dat fan nasjonaal belang is.

Natuerbeskerming

bewurkje seksje

De Eufaula National Wildlife Refuge is in yn 1964 stichte 45,26 km² grut natuergebiet foar ûnder oaren wetterfûgels. De opslachmar Eufaula heart ta it reservaat; dêr leit in keardaam yn de Chattahoochee. It reservaat leit oan de súdlike helte fan steatsgrins fan Alabama en Georgia

Keppeling om utens

bewurkje seksje