Christiaan Slieker
Christiaan Slieker (folút: George Christiaan Slieker; Ljouwert, 19 jannewaris 1861 - Assen, 9 maart 1945) wie de earste Fryske (én Nederlânske) bioskoopeksploitant.
Biografy
bewurkje seksjeDe alderearste film dy't yn Fryslân te sjen wie, waard yn 1896 troch Christiaan Slieker brocht, dat wie op in merke op it Saailân yn Ljouwert. Oant dan ta wiene allinnich filmbylden te sjen west yn plakken as Amsterdam, Skeveningen en Grins, toant troch reizgjende bûtenlanners.
Yn 1896 kocht Slieker in kinomatograaf yn Berlyn, makke troch H.O. Foersterling & Co, dy't er foar it earst op de Ljouwerter merke brûkte. De filmkes kamen fan bygelyks de Frânske bruorren Lumiére en Georges Méliès. Slieker filme sels net.
Slieker woe syn bioskoopbedriuw in bliuwend karakter jaan en reizge alve jier mei syn 'Grand Théatre Edison' troch it lân. Hy liet koarte filmfragminten sjen fan bygelyks in bokswedstriid, fjochterij yn in kroech, in dûnseres; bylden fan in strieminne kwaliteit, mar wol in sensaasje yn dy tiid. 'Wie het heeft gezien, staat er versteld van', skreau de Ljouwerter Krante.
Wilens waard Sliekers foarbyld fan oaren neifolge. Om 1910 hinne wie it filmfertoan sa slagge dat op in protte plakken bioskoopteaters stichte waarden. Dat betsjutte wol de ein fan de merkebioskoop. Slieker hat letter yn syn Drachtster tiid noch sutele mei in kroade potten en pannen om troch de tiid te kommen.
Christiaan wie in soan fan rûnreizgjende de merkeûndernimmers Frederik Johannes en Grietje. Christiaan begûn op syn achttjinde foar himsels as merkeûndernimmer. Ien fan syn attraksjes wie in ien jier âld famke fan 60 pûn. Yn 1888 troude er mei Geertruida Akkerman (1864-1934) út Akkrum; hja krigen sân bern. Tusken 1892 en 1908 wennen hja op in skip op It Hearrenfean en fan 1910 oant 1942 yn de Tsjerkestrjitte yn Drachten. De lêste trije jierren fan syn libben wenne er by syn âldste soan yn, yn Assen.
-
Reklame foar Slieker's reizgjende bioskoop yn it Utrechtsch Dagblad
-
Tekening fan Slieker's reizgjende biskoop Grand Théatre Edison in het Park Tivoli yn Utert
Ferskaat
bewurkje seksje- Slieker is te hôf kaam op it Suderbegraafplak yn Drachten. Syn kinematograaf wurdt bewarre yn Museum Smellingerlân en novimber 2015 krige it museum it âldst bekende Nederlânske bioskoopkaartsje yn hannen mei it opskrift: Kinomatograph, 2e rang directeur Chr. Slieker
- Maart 2013 waard Filmhûs Ljouwert nei him ferneamd: Slieker Film.
- Yn de Amsterdamske wyk Ijburg is de Georg Sliekerkade nei him ferneamd.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- slieker Men ziet het natuurgetrouw voor zich
- slieker Advertinsje Grand Théatre Edison, Ljouwerter Krante 17 july 1899
- slieker Voorstelling, Ljouwerter Krante 1897
- Slieker Film ynformaasje
- Bloch oer Slieker fan Asing Walthaus
- George Christiaan Slieker (1861 - 1945), Frysk Film Argyf
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|