Christiaan de Vries
Christiaan de Vries, (De Lemmer, 16 jannewaris 1911 - Achterveld, 12 maaie 1940) wie in drukker dy't sneuvele as huzaar yn de Twadde Wrâldoarloch.
Yn Achterveld by de ôfslach nei Terschuur kaam syn rezjimint yn botsing mei de besetter. In oantal huzaren wist te ûntkommen, sechtich huzaren waarden finzen nommen en fjirtjin huzaren sneuvelen, wêrûnder korporaal Christiaan de Vries. Yn it buorskip De Kieftkamp yn Achterveld stiet in read boerdsje mei alle sneuvelen. Op 16 maaie 1990 is in tinkstien yn Achterveld ûnthuld. Op de Lemmer is de Christiaan de Vriesstrjitte nei him neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |