Achterveld (Leusden)

Achterveld is in doarp yn de gemeente Leusden yn de provinsje Utert. It doarp leit healwei de plakken Leusden en Barneveld yn de Gelderske Fallei en grinzget oan de provinsje Gelderlân. Achterveld hat 2.625 ynwenners (2021).

'lokaasje Achterveld
'lokaasje Achterveld
komboerd
Sint Jozefparochy

De befolking fan Achterveld is meast roomsk. De St. Jozeftsjerke út 1933 is ûntwurpen troch de arsjitekt H.W. Valk (1886-1973). Yn 2002 is it ynterieur fan de tsjerke restaurearre.

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1674 krige de Barneveldske katolike parochy nei santich jier wer in nije preester: Meinardus van Houten. De measte parochianen wienen lykwols protestant wurden. Doe't Meinardus ynseach dat er yn it Gelderske doarp de parochy net op 'en nij opbouwe koe, wiek er út nei Achterveld. Yn de pleats “Groot Achterveld” begûn er de Hillige Mis op te dragen en sette er útein mei de sielesoarch. Om 1730 waard der by de pleats in pastorije boud en sa'n 15 jier letter in earste tsjerkje. Yn 1844 waard der in Wettersteatstsjerke boud. Der stienen by de tsjerke mar in pear huzen.

Yn 1895 kocht de parochy de pleats flakby de tsjerke om dy te ferbouwen ta âldereinhûs, dêr't religieuze susters út Amersfoart de lieding krigen. Dat gebou waard yn de Earste Wrâldoarloch ferfongen troch in nij, folle grutter tehûs en yn 1924 noch útwreide.

Twadde Wrâldoarloch bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Achterveld ûntromme omdat it yn 1940 yn de Grebbeliny lei en drige it ûnder wetter set te wurden. Der foelen yn de oarloch relatyf in soad deadlike slachtoffers: 25. Ek waarden in tal pleatsen twaris fernield: oan it begjin en oan de ein fan de oarloch.

Akkoart fan Achterveld bewurkje seksje

Oan de ein fan de Hongerwinter waard der yn de destiidse St Josephskoalle, no buerthûs 'De Moespot', ûnderhannele tusken hege alliearde generaals en de heechste Dútske funksjonaris oer de Dútske kapitulaasje en alliearde fiedseldroppings yn hongerjend West-Nederlân. Dat resultearre yn it saneamde Akkoart fan Achterveld fan 30 april 1945 tusken de Dútske besetters en de alliearde legerlieding.

As tank foar it feit dat Huzinge St. Joseph en it doarp sparre bleaun waarden, hawwe de nonnen yn de foartún fan it gebou by de fiver in imitaasje fan de Lourdesgrot set, mei dêryn in byld fan de hillige Marije en fan in biddende Bernadette Soubirous. By dy grot stiet in plakette mei it opskrift '17 APRIL - 4 MEI 1945 UIT DANKBAARHEID'. Nei in útwreiding fan Huzinge St.-Joseph is de grot mei de bylden yn 1985 nei it hjoeddeiske plak efter it tehûs brocht.

Boer Johan van Dijk en syn frou waarden troch Yad Vashem ûnderskaat mei de titel 'Rjochtfeardige ûnder de Folken' fanwegen it opnimmen fan in Joadske ûnderdûker.

Ekonomy bewurkje seksje

Sûnt 1900 rjochten de boeren fan it doarp harren eigen koöperaasjes op. Der kamen in boerelienbank en in feefoerfabryk, letter ek in molkfabryk. Dy bedriuwen groeiden sterk en troch de ferbettere wurkgelegenheid groeide it doarp mei. By de skaalfergruttings yn de lânbou yn de jierren 1960 en 1970 ferdwûnen dy bedriuwen wer út it doarp en bleauwen de middenstân en de benammen agraryske tsjinstferlieners oer. It feefoerfabryk stiet sûnt 2010 op de nominaasje foar sloop.

Utwreidingsplannen bewurkje seksje

Sûnt 2010 wol de gemeente Leusden Achterveld foars útwreidzje yn súdlike rjochting. Leusden wol ek it koöperaasjeterrein en omjouwing op 'en nij ûntwikkelje, yn de mande mei Wenningstifting Leusden en de Alliânsje Ûntwikkeling. Der komme nije wenten, in nij doarpsplein, in nij appartemintegebou op it plak fan it koöperaasjegebou en de ynrjochting fan in natoersône by de Modderbeek lâns. Dy fyzje stiet yn it konseptplan Achterveld-Súd. Sûnt 2014 wol de gemeente it bouplan 'boerderij Het Grote Weiland' en 'Hessenweg B' ûntwikkelje. Nei skatting sil Achterveld der oant 2020 sa'n 1000 ynwenners by krije kinne.

Mienskip bewurkje seksje

 
de Moespot

Flak efter kultureel sintrum "De Moespot" leit in skatebaan mei in 'quarter pipe'.

Eveneminten bewurkje seksje

  • De hurdfytswedstriid Tour de Junior, mei dielnimmers út 25 lannen
  • Karnavalsoptocht
  • Boudoarp

Sportferienings bewurkje seksje

Efkes bûten it doarp leit it Kerstenssportpark. Dêr lizze de tennisbanen en fuotbalfjilden. Midden yn Achterveld stiet in sporthal dêr't ûnder oare o.a. gym, badminton en follybal spile wurdt.

  • SV Achterveld (SVAchterveld); fuotbalferiening;
  • Eemelaar: tennisferiening
  • AMBC: Auto-, motor- en bromfytsklup
  • MVTC Al weer: motorklup
  • De SIngels: Lanlike Ruterferiening Ponyklup & Menferiening
  • Ons Genoegen: sjitsportferiening
  • De Hessenkeuen: biljertferiening
  • Avanti: sportferiening

Galery bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Leusden
 
Haadplak: Leusden
Doarpen : AchterveldLeusden-SúdStoutenburg
Buorskippen: AsschatMoorstMusschendorpOud-LeusdenSnorrehoef