Asschat
Asschat is in buorskip yn de gemeente Leusden, yn de provinsje Utert.
It buorskip is yn it westen skieden fan de beboude kom fan Leusden troch it Falleikanaal. Fierder nei it easten, rjochting Achterveld, leit de huzegroep Snorrenhoef. Asschat leit om de Asschatterwei en de Laapeersewei. De namme Asschat (1696): af-schede, 'ôfskieding', tsjut op in âlde grinsline.
Yn 1840 wennen der 172 minsken yn Asschat. By it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch, wie it it toaniel fan slimme gefjochten. Alle pleatsen waarden yn 'e brân stutsen om de Dútske opmars te fertraagjen. De bisten waarden frijlitten, mar guon kearden werom nei har pleats.
Tsjintwurdich bestiet it plak út sa 'n 20 huzen.[1]
De famyljenamme Scholten van Aschat is fan de plaknamme ôflaat.
Galery
bewurkje seksje-
Pleats yn Asschat
-
Bunker út de Twadde Wrâldoarloch yn Asschat. It is in ryksmonumint, nûmer 528579
-
Keardaam en miny-wetterkrêftsintrale yn Asschat
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Leusden | ||
---|---|---|
Doarpen: Achterveld • Leusden • Leusden-Súd • Stoutenburg | ||
Buorskippen: Asschat • Moorst • Musschendorp • Oud-Leusden • Snorrehoef | ||
· · |