Church of Saint Pancras (Widecombe-in-the-Moor)
De Sint-Pankratiustsjerke (Church of Saint Pancrasis, ek Cathedral of the Moor) in tsjerkegebou fan de Church of England yn Widecombe in the Moor, Devon, Ingelân.
Sint-Pankratiustsjerke
Church of Saint Pancrasis | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | Devon | |
plak | Widecombe in the Moor | |
adres | Newton Abbot TQ13 7TA | |
koördinaten | 50° 34' N 3° 48' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
patroanhillige | Pankratius | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe bynamme Cathedral of the Moor krige de tsjerke fanwegen de hege toer en de relatyf grutte kapasiteit foar sa'n lyts doarp. De tsjerke waard oarspronklik fan lokaal granyt yn 'e 14e iuw boud yn 'e let-goatyske styl. Yn 'e folgjende twa iuwen waard de tsjerke grutter makke, dat diels mooglik makke waard troch de ynkomsten fan 'e lokale tin-winning. It plafond fan 'e tsjerke is fersierd mei in grut tal slútstiennen. Under ien fan 'e slútstiennen is ien mei it ôfbyld fan trije hazzen yn in sirkel, it embleem fan de tinjitters.
De tsjerke rekke by swierwaar yn 1638 slim skeind doe't in bolbliksem it gebou rekke. Op it stuit wie krekt de middeistsjinst oan 'e gong en de tsjerke siet groatfol. Fjouwer minsken ferstoaren en sechtich rekken ferwûne. Neffens de lokale leginde wie it de duvel, dy't de Great Thunderstorm feroarsake, doe't er in besite oan it doarp brocht.
De grutte fan 'e parochy betsjutte eartiids dat minsken sneins kilometers rinne moasten om de tsjinst by te wenjen. Noch dreger waard it by begraffenissen, doe't de kisten oer rûch lân en somtiden steile hellings droegen wurde moasten. Healwie de heuvel fan Dartmeet stiet bygelyks fuort oan 'e wei de saneamde Coffin Stone, dêr't de dragers de kiste efkes delsetten om te rêsten. De stien is oer de hiele lingte yn twa stikken dield. It ferhaal giet dat it God tige bot argewaasje joech doe't de kiste fan in strieminne keardel by de stien delset waard. Hy liet troch de bliksem de kiste ferneatige en sloech mei in tongerslach de stien midstwa.
Op it tsjerkhôf leit Beatrice Chase begroeven, in bekend skriuwster fan streekromans.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Pankratiustsjerke, Widecombe-in-the-Moor fan Wikimedia Commons. |