Pankratius
Sint-Pankratius (Synnada, Frygje, 289 - Rome, 12 maaie 304) is in roomsk-katolyk hillige. Oan Pankratius wijde tsjerken yn Fryslân hawwe stien yn Aldeboarn en Wolsum.
Pankrantius | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ± 289 | |
berteplak | Synnada | |
stjerdatum | ± 304 | |
stjerplak | Rome | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 12 maaie (R.-K.) | |
attributen | Swurd, martlerspalm, hartochshoed | |
patroan fan | Rome; bern, ridders, it jonge sied; foar nije foarnimmens, tsjin falske tsjûgenissen, kramp, hûssyktes en pine yn 'e holle |
Libben
bewurkje seksjeNeffens de oerlevering soe Pankratius de soan fan in rike Romein west ha, dy't al ier syn mem ferlear en troch syn omke Dionysius grutbrocht waard. Yn it jier 303 reizge er tegearre mei syn omke nei Rome, dêr't er him bekearde ta it kristendom. Syn erfenis stelde him yn steat om kristenen te helpen dy't fanwegen harren leauwe finzen sieten. Nei de dea fan syn omke waard er yn it ramt fan de kristenferfolgings ûnder Diokletianus oppakt. Hy wie doe fjirtjin, mar wie likegoed net fan syn leauwe ôf te bringen en dêrom waard er feroardiele ta de dea. Foar de stedspoarte oan de Via Aurelia waard de jonge ûnthalze en syn lichem foar de hûnen efterlitten. De kristinne Ottavia makke de eksekúsje mei en ûnder gefaar foar eigen libben liet hja it lichem meinimme nei har hûs oan de Via Aurelia om it dêr yn de katakomben by te setten. De katakomben waarden ferneamd nei Pankratius en boppe syn lêste plak waard letter yn de 6e iuw de San Pancrazio boud.
Ferearing
bewurkje seksjeAl yn de 5e iuw waard de stedspoarte oan de Via Aurelia as Porta San Pancrazio nei de hillige ferneamd. Paus Symmachus liet oan it begjin fan de 6e iuw in basilyk oer syn grêf bouwe. Gregoarius de Grutte liet in benediktynsk kleaster oanbouwe en paus Honorius ferboude de basilyk om it jier 630 ta de hjoeddeiske San Pancrazio. Yn de tsjerke wurdt ek de stien bewarre dêr't Pankratius op ûnthalze waard.
Sûnt it jier 850 waard de holle bewarre yn de San Giovanni in Laterano, mar yn 1973 waard de holle werom brocht nei de San Pancrazio. Under it haadalter lizze mear resten fan de hillige. Yn de rin fan de tiid kamen reliken fan Pankratius yn oare dielen fan Europa telâne. Keizer Arnulf fan Karinsje skreau syn oermastering fan Rome yn 896 ta oan it oanroppen fan Pankratius en dat feroarsake in noch gruttere bloei fan de ferearing fan Pankratius yn Sintraal-Europa. Yn dy tiid waard Pankratius beskermhillige fan de ridders. Om't in leginde ha wol dat in skuldich persoan falsk swarde op it grêf fan Pankratius en de hân doe oan de stien fêst plakken bleau, beskermet Pankratius ek tsjin meineed. Yn de hege midsiuwen waard Pankratius ien fan de patroanhilligen fan Rome.
Tegearre mei Mamertus, Servatius, Bonifatius en Sofia is Pankratius ien fan de fiif iishilligen. De dei dat Pankratius betocht wurdt is 12 maaie.
Ikonografy
bewurkje seksjePankratius wurdt fakentiden yn romeinske klean of ridderútris mei swurd ôf- of útbylde. Mei ferwizing nei it martlersskip hat er faak in kroan of palm yn 'e hân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|