Iishilligen
De iishilligen binne de dagen dy't falle fan 11 oant en mei 15 maaie. It binne de feestdagen fan roomske hilligen, dy't sels ek iishilligen neamd wurde. Yn 'e folkswaarkunde spylje de iishilligen al sûnt de midsiuwen in grutte rol. Se foarmje de lêste dagen fan 'e maaitiid dat der nachtfroast ferwachte wurde kin, al kin it waar ek neitiid somtiden noch skrousk wêze. Dêrby moat sein wurde dat de tradysje ûntstien is doe't de juliaanske kalinder noch yn gebrûk wie en dat betsjut dat de dagen winliken trettjin dagen letter falle. Ofhinklik fan 'e geografyske lizzing wurdt 11 maaie of 12 maaie as de earste dei fan 'e iishilligen beskôge.
De iishilligen
bewurkje seksjeMei de iishilligen wurde ornaris de folgjende hilligen ornearre:
- Mamertus (5e iuw) - 11 maaie
- Pankratius (3e/4e iuw) - 12 maaie
- Servatius (4e iuw) - 13 maaie
- Bonifatius (3e/4e iuw) - 14 maaie
It tal iishilligen ferskilt fan lân oant lân en fan regio oant regio. Om't trije in hillich getal is, wurde op in soad plakken trije hilligen ta de iishilligen rekkene. Yn Dútslân, Hongarije en Switserlân wurdt ek 15 maaie mei rekkene, de feestdei fan Sofia fan Rome. Dy datum wurdt ek wol 'Kâlde Sofy' neamd, in folksgebrûk út de 11e iuw, doe't Sint-Sofia oanroppen waard tsjin de nachtfroast.
Boeren
bewurkje seksjeTroch it ynfallen fan polêre loftstreamen kinne de hegere temperatueren fan maaie yn Midden- en West-Europa ûnderbrutsen wurde troch kjeld. Foar boeren en túnkers wiene de iishilligen dêrom fan grut belang. Nachtfroast kin it sied of it jonge gewaaks ferneatigje en dêrom koe it sied pas nei de iishilligen yn 'e grûn. Op guon plakken yn 'e Alpen is it noch altiten in gebrûk om mei de iishilligen it gewaaks te beskermjen tsjin kjeld troch mei dy dagen fakkels del te setten. Ek foar de tún jildt dat froastgefoelige planten pas nei de iishilligen plante wurde kinne.