Sint-Mamertus († om 477 hinne yn Vienne, Galje) wie in biskop en wurdt yn de katolike tsjerke as hillige fereare. Mamertus fierde de saneamde bidprosesje op de trije dagen foar Himelfeartsdei yn. Mamertus wurdt ta ien fan de fiif saneamde iishilligen rekkene.

Mamertus
   hillige
Biskop Mamertus giet foar yn de bidprosesje
Biskop Mamertus giet foar yn de bidprosesje
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ± 400
berteplak Vienne
stjerdatum ± 477
stjerplak Vienne
wurkpaad
berop biskop
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 11 maaie (R.-K.)
attributen palmtûkje, boek, ljocht, as biskop
patroan fan ammen, hoeders, brânwar

Mamertus waard yn 461 aartsbiskop fan Vienne, dêr't er ek ferstoar. Fan Mamertus binne gjin geskriften bewarre bleaun, mar fan syn broer Claudianus Mamertus, dy't teolooch en tsjerkeskriuwer foar de Tsjerke wie, binne in pear brieven bewarre bleaun.

Nei't de stêd pleage waard troch ynfallen fan Hunnen en Goaten, drûchte, brân en ierdskoddings fierde Mamertus de saneamde krúsdagen yn, trije boetedagen foar it feest fan de Himelfeart fan de Heare. De tsjerke organisearre dan prosesjes, wêrby't litanyen bidden waarden. Ynearsten beheinden dy prosesjes harren ta Galje en Spanje, mar ûnder paus Leo III waarden de krúsdagen foar de hiele katolike wrâld ynfierd, lykwols sûnder it troch Mamertus opleine fêstelgebod. In oerbliuwsel dêrfan yn katolike streken is de prosesje mei it krús foarop oer fjilden om in goede rispinge ôf te smeken. As dy dei op de feestdei fan Sint-Markus (25 april) falt, wurdt der oer in Sint-Markusprosesje praat.[1]

Mamertus kaam mei paus Hilarius yn konflikt oer de eigenmachtich ynfierde nije yndieling fan de Súd-Frânske bisdommen. Ek hie Mamertus eigenmachtich Marcellus beneamd as biskop fan de oanbuorjende stêd Die. It levere him in foarse beskrobbing fan de paus op. De paus seach lykwols wol de kwaliteiten fan Mamertus yn en nûge him út foar de synoade yn Arles, dêr't Mamertus de opdracht krige om te tsjûgjen dat Kristus Syn bloed foar alle minsken jûn hie. En yn in twadde brief erkende de paus dat Marcellus in goede kar west hie foar it biskopsamt.

Neffens de oerlevering wist Mamertus as biskop in alderheislikste brân te kearen, dy't de hiele stêd drige te ferneatigjen. Ek wurde him oare wûnders tarekkene.

De feestdei fan Sint-Mamertus is 11 maaie. Mamertus heart ta de saneamde iishilligen. Yn de ikonografy wurdt Mamertus as biskop ôfbylde mei somtiden in baarnend ljocht of palmtûkje of in rol terms. Sint-Mamertus is patroanhillige fan ammen, hoeders en de brânwar, hy wurdt oanroppen by drûchte, krupsjes oan it boarst en yngewanten en koarts

Mamertus waard begroeven yn de Sint-Petrustsjerke fan Vienne. De reliken fan Mamertus waarden yn de 7e iuw nei Orléans brocht, dêr't se yn 1563 troch kalvinisten ferneatige waarden. De âlde sarkofaach fan Mamertus waard yn 1860 yn Vienne wer ûntdutsen en foarmet tsjintwurdich ûnderdiel fan de permaninte útstalling yn de Petrustsjerke, dy't sûnt 1872 as lapidarium tsjinnet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sanctorum, Jo Claes|Alfons Claes|Kathy Vincke, ISBN 978 9077942 28 4, side 179