Sofia fan Rome († 304) is in ierkristlike martler fan de 4e iuw. Hja ferstoar nei alle gedachten ûnder de kristenferfolgings fan keizer Diokletianus. en waard op it tsjerkhôf fan e Gordianus en Epimachus begroeven. Yn guon dielen fan Europa wurdt hja ta de iishilligen rekkene.

Sofia
   hillige
Alterbyld fan Sint-Sofia yn de Église Saint-Maurice fan Mommenheim (Elzas)
Alterbyld fan Sint-Sofia yn de Église Saint-Maurice fan Mommenheim (Elzas)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3e iuw
berteplak Rome
stjerdatum 304
stjerplak Rome
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 15 maaie

Reliken en betizing

bewurkje seksje

Paus Sergius II liet om 845 hinne in diel fan de reliken ûnder it heechalter fan de San Martino ai Monti bysette, wylst biskop Remigius fan Straasburg oare reliken yn it kleaster Eschau yn de Elzas oerbrocht. De reliken yn Eschau brochten sa'n soad pylgers op 'e lappen dat der yn 1143 in nij hospitium boud wurde moast. Yn 1938 waarden nije reliken fan Sofia nei Eschau brocht, dy't yn in relikwarium en yn de âlde sarkofaach lein waarden.

 
Russysk ikoan fan Sint-Sofia mei har trije dochters Leauwe, Hope en Leafde

Sofia fan Rome moat net betiizge wurde mei de tsjerken dy't oan de Hagia Sophia (Ἁγία Σοφία) wijd binne. Dat misferstân yn it Westen is ûnstien yn de tiid fan de Krústochten en oant de dei fan hjoed tige algemien. It tekoart oan kunde fan de teology fan de Eastlike Otterdoksy en de Grykske taal yn kombinaasje mei wat wenst wie yn it Westen, liede ta de opfetting dat de Hagia Sophia yn Konstantinopel net oan de godlike wiisheid, mar oan in konkrete hillige resp. Sofia fan Rome wijd wie.

De hilligebeskriuwing fan Sofia fan Rome liket ek foar in part mei dy fan de hillige Sofia fan Milaan fermingd te wêzen.

 
Sarkofaach fan Sint-Sofia yn de Église Saint-Trophime fan Eschau

Sofia fan Rome is de patroanhillige dy't oanroppen wurde kin tsjin nachtfroast. Yn guon lannen is hja de lêste fan de rige iishilligen en yn Dútsktalige gebieten wurdt har feestdei ek oantsjut mei "Kâlde Sofy" (Kalte Sophie of yn Eastenryk: Koids Sophal). Pas nei de dei dat Sofia fan Rome wurdt betocht is it dien mei nachtfroasten en wurdt it maaitiidswaar stabiler. It wurdt dan tiid om froastgefoelige planten bûten del te setten. Nei Sofia fan Rome is ek it Sofykrûd ferneamd (Sisymbrium sophia). Troch de ynfiering fan de gregoriaanske kalinder is de oarspronklike datum fan Kâlde Sofy in pear dagen letter.

Sofia wurdt fakentiden mei har trije dochters Leauwe, Hope en Leafde útbylde. Faak draacht hja in palmtûke (symboal foar it martlersskip) of in swurd (dêr't hja mei ûnthalze is).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: