San Giovanni in Laterano
De Pauslike Aartsbasilyk fan Sint-Jan fan Lateranen (Italjaansk: San Giovanni in Laterano) is in basilyk oan 'e Piazza del Laterano yn it Lateraan yn 'e Italjaanse haadstêd Rome. De oan Kristus, de evangelist Jehannes en Jehannes de Doper wijde basilyk is ien fan 'e sân pylgertsjerken fan Rome en ien fan 'e fjouwer belangrykste basiliken fan Rome.
Sint-Jan fan Lateranen
San Giovanni in Laterano | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
plak | Rome | |
adres | Piazza del Laterano | |
koördinaten | 41°53'N 12°30'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Francesco Borromini, Alesandro Galilei | |
boujier | 1735 (foltôge) | |
boustyl | barok | |
Webside | ||
Side fan 'e basilyk | ||
Kaart | ||
De folsleine namme fan 'e tsjerke yn it Latyn is: Archibasilica Sanctissimi Salvatoris et Sanctorum Iohannis Baptistae et Evangelistae in Laterano (De Allerhilligste Ferlosser en de hilligen Jehannes de Doper en Evangelist yn it Lateraan).
De oarspronklik yn 'e 4e iuw troch keizer Konstantyn stifte katedraal waard yn 'e rin fan 'e skiednis faak ferboud, mar is hjoed-de-dei fral it risseltaat fan 'e barokke ferbouwing troch Borromini.
Skiednis foar it kerstenjen
bewurkje seksjeDe grûn waard ferneamd nei de oarspronklike eigeners, de Romeinske famylje Laterani. Fanwegen de dielname fan Plautius Lateranusin oan in gearspanning liet keizer Nearo yn it jier 65 beslach lizze op syn grûn. Markus Aurelius liet yn 161 dêr in paleis bouwe en ûnder keizer Septimius Sevearus waarden de besittings tsjin 'e ein fan 'e 2e iuw foar in diel oan Titus Sextius Magius Lateranus werom jûn.
Keizer Konstantyn
bewurkje seksjeDe tsjerke waard nei syn oerwinning op usurpator Maksintius yn 312 stifte troch Konstantyn de Grutte. Oant de dei fan hjoed is it net dúdlik sûnt wannear't it Lateraan de residinsje fan 'e Romeinske biskoppen waard. Se lei fuort njonken it yn 'e 3e iuw stifte keizerpaleis Palazzo Sessoriano, de sit fan Sint-Helena, de mem fan keizer Konstantyn, dat yn dielen fan 'e Hillich Krústsjerke noch bestiet. Fan 'e trije grutte tsjerken út de tiid fan Konstantyn lei allinne de Lateraanbasilyk binnen de stedsmuorren. Dy tsjinne dus ek as katedraal. De Piterbasilyk en Sint-Paulus bûten de Muorren waarden eartiids oer de grêven fan 'e apostels boud en leine bûten de stêd.
Dêrom is de tsjerke ek hjoed-de-dei noch de biskopstsjerke fan 'e paus en draacht er de earetitel Omnium urbis et orbis ecclesiarum mater et caput ("Mem en haad fan alle tsjerken foar de hiele stêd en wrâld"). Sadwaande hat de tsjerke de heechste rang fan alle fjouwer patriarchale basiliken. Oarspronklik waard de Lateraanbasilyk troch paus Silvester I oan Kristus de Ferlosser wijd. Letter waarden Jehannes de Doper (Italjaansk: San Giovanni) en Jehannes de Evangelist as patroanhilligen tafoege. Hjoed-de-dei wurdt de tsjerke San Govanni in Laterano neamd.
Midsiuwen
bewurkje seksjeYn 'e fyfte iuw waard de katedraal ferskate kearen troch Fandalen plondere. Ek in ierdskodding yn 896 brocht grutte skea, mar jimmeroan folge in weropbou fan de katedraal.
Yn 897 fûn ien fan 'e meast dramatyske foarfallen yn 'e skiednis fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke plak: de saneamde Kadaversynoade of Synoade fan it Lyk. Yn in politike machtsstriid tusken de Franken en it Hillich Roomske Ryk liet de doe nije paus Stefanus VI syn foargonger Formosus postúm feroardielje om sa de troch Formosus nommen besluten ûnderút te heljen. Formosus waard út syn grêf helle, se lûken him de pauslike klean oan en setten it lyk op in troan yn 'e seal. It fonnis stelde fêst dat de ferstoarne it pontifikaat net wurdich west hie en al syn krewearjen en opdrachten waarden neatich ferklearre. De pauslike klaaiïng waard him ôfnommen en nei't se him de trije fingers, dêr't er ea mei wijd hie, ôfhakt hiene, smieten se him yn 'e Tiber. Noch yn itselde jier feroarsake in ierdskodding it ynstoarten fan it dak oer it middenskip. De skea wie sa grut (ab altari usque ad portas cecidit: it stoarte yn fan it alter oant de doarren), dat in folsleine rekonstruksje nedich wie. De ierdskodding waard útlein as in godlike straf foar de swiere sûnde dy't Stefanus VI begien hie.
De tsjerke baarne yn 'e 14e iuw twaris ôf, mar beide kearen fûn weropbou plak. Oant 1309 bestie der njonken de tsjerke it pauslike paleis, dêr't noch resten fan bewarre bleaun binne yn 'e kapel Sancta Sanctorum en de Scala Santa ("Hillige Trep"). Nei't de pauslike residinsje ynearsten ferhûze nei Avignon en letter nei it Fatikaan, rekke de Lateraanbasilyk wat yn it neigean.
Yn 1586 waard it tsjintwurdich oan 'e tsjerke grinzgjende paleis as simmerresidinsje fan 'e paus stifte.
De brekfallige tsjerke waard sûnt 1646 troch Francesco Borromini foar it jubeljier 1650 renovearre en yn barokke styl ferboud. Dêrby bleau it oarspronklike ûntwerp as fiifskippige basilyk op fersyk fan Innosintius X yntakt, mar de sydskippen moasten ôfbrutsen en hielendal op 'e nij boud wurde. Yn it haadskip liet er de 14 arkades oer de ûnbidich grutte let-antike pylders oan eltse kant werom bringe op fiif. De tuskenlizzende romtes waarden tichtmitsele en yn 'e nissen dêrfan liet er aediculae bouwe foar de kolossale moarmeren bylden fan 'e tolve apostels. De gevel wie ynearsten sûnder dekoraasje en waard foar bysûndere gelegenheden mei in skyngevel beklaaid. De hjoeddeiske gevel is fan Alessandro Galilei en datearret út de jierren 1733-1736. Likernôch tagelyk waard lofts fan 'e gevel foar paus Klemens XII de Corsinikapel boud.
Nije tiid
bewurkje seksjeNoch oant yn 'e 19e iuw waarden de pausen yn 'e katedraal kroand.
Yn 'e midden en tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw fûnen grutte ferbouwings en restauraasjes plak. Under oaren waard it oan dy tiid noch besteande midsiuwske mei mozaïken fersierde koer ôfbrutsen.
Yn 1929 waard yn in ferdrach fêstlein dat it Lateraan en it Castel Gandolf ta de eks-territoariale besittings hearre en ûnder de soevereiniteit fan de Hillige Stoel falle.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it Lateraan ûnder paus Pius XII brûkt as ûnderdûkplak foar joaden en oare minsken, dy't fanwegen ferfolgings troch de nazy's in hinnekommen sykje moasten, lykas politike tsjinstanners. Foar dat doel waarden dielen fan it kleaster ûntromme. Ek waarden der Italjaanske soldaten opfongen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeGevelbylden
bewurkje seksjeOp 'e monumintale gevel fan Alessandro Galile steane oant sân meter hege bylden. Yn 'e midden stiet it byld fan Jezus, links Jehannes de Doper, rjochts Jehannes de Evangelist en dêrnjonken de bylden fan 'e wichtichste tsjerkfaars.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur fan it haadskip datearret fan 'e barokke ferbouwing troch Borromini. De grutte apostelbylden waarden troch barokke byldhouwers lykas Camillo Rusconi (1658–1728), Pierre Legros (1666–1719) en Pierre Monnot (1657–1733) makke. Dêrboppe, yn 'e midden fan 'e muorren, reliëfs fan Alessandro Algardi (1595–1654) en syn learlingen. Hielendal boppe binne ovale fresko's yn in list fan stúkwurk fan âldtestamintyske profeten oanbrocht. Se binne skildere troch guon fan 'e bekendste barokke skilders fan Itaalje, lykas Sebastiano Conca, Pier Leone Ghezzi, Luigi Garzi, Francesco Trevisani, Giuseppe Chiari, Giuseppe Nasini en Marco Benefial. Ut de tiid fan Borromi stamt it kassetteplafond, dat yn 'e jierren 1560 ynbrocht waard en yn 'e 18e iuw ûnder Pius VI restaurearre waard. De flier giet werom op it pontifikaat fan Martinus V (1417-1431) en waard letter troch Borromi restaurearre.
Op 'e oare kant fan 'e earste pylder rjochts is in fragmint fan in fresko, dat taskreaun wurdt oan Giotto en de ôfkundiging fan it earste Hillige Jier 1300 troch paus Bonifatius VIII foarstelt.
Koer en apsis
bewurkje seksjeIt yn 'e midsiuwen fergrutte koer waard tusken 1288 oant 1292 troch Jacopo Torriti en Jacopo da Camerino fersierd mei mozaïken. Yn 1884 waard it koer spitigernôch hielendal ôfbrutsen en as histoaryske rekonstruksje wer opboud. De mozaïken binne wol op basis fan de âlde mozaïeken op 'e nij oanbrocht, mar helje it net by de fariaasje fan 'e midsiuwske mozaïken. Njonken de monumintale figueren fan Marije, Jehannes de Doper en de apostels Petrus, Paulus en Andréas waarden yn lytser formaat ek Fransiskus fan Assisi, Antonius fan Padua en (knibbeljend) Nikolaas IV oanbrocht. Yn 'e apsis stiet de mei mozaïken fersierde pauslike biskopssit. Oan 'e sydlike muorre is in 19e-iuwsk fresko fan Francesco Grandi te sjen.
Siboarium
bewurkje seksjeOer it heechalter stiet in yn 1851 restaurearre goatysk siboarium. Yn it siboarium wurde de reliken fan 'e hollen fan Petrus en Paulus bewarre. Se binne troch paus Urbanus V (1362–1370) út de oarspronklike grêven helle om in plak te krijen yn it doe nije siboarium. It waard yn 'e jierren 1367–1368 troch Giovanni di Stefano makke en troch Barna da Siena mei tolve fresko's dekorearre, op eltse kant hieltiten trije. De fresko's binne letter troch Antoniazzo Romano fernijd.
Fresko's dwersskip
bewurkje seksjeIt hiele transept waard tusken 1597 en 1601 ûnder lieding fan Cavalier d’Arpino fan in grutte freskosyklus foarsjoen, dy't de oergong fan it maniërisme nei de barok fertsjintwurdiget. Oan 'e syklus waard troch in grut tal keunstners meiwurke en se stelle foarstellings út it libben fan Konstantyn de Grutte, de stiftingsskiedis fan 'e basilyk, apostels en tsjerkfaars foar, mar fan alle fresko's dêr is de himelfeart fan Kristus yn it lofter dwersskip (foar it oargel oer) it meast weardefolle keunstwurk. Ferneamd is ek de doop fan Konstantyn yn it rjochter dwersskip.
Grêven
bewurkje seksjeYn 'e tsjerke binne in grut tal pauslike grêfmonuminten. Yn 'e confessio rêst paus Martinus V. Ek oare pausen krigen yn 'e basilyk harren lêste rêstplak: paus Klemens XII, paus Sergius III, paus Silvester II, paus Sergius IV, paus Aleksander III, paus Klemens XII en paus Leo XIII. De grêven fan in grut tal oare pausen binne ferlern gien.
Oargels
bewurkje seksjeYn 1597 waard oan Luca Biagi opdracht jûn om in grut oargel te bouwen, dat yn 1599 oplevere waard. It ynstrumint waard ferskate kearen restaurearre en fergrutte. De lêste restauraasje waard yn 1984 troch Francesco Morettini útfierd, nei't it ynstrumint al in heale iuw net mear te bespyljen wie. It twamanualige ynstrumint hat tsjintwurdich 28 registers en it pedaal is oanhongen. Dêrnjonken steane der yn 'e basilyk twa koeroargels út 1866 fan Nicola Morettini. It Episteloargel besit 46 registers op trije manualen en pedaal en it Evangeeljeoargel mar 24 registers op twa manualen en pedaal.
Kleastergong
bewurkje seksjeDe kleastergong fan it kleaster fan 'e basilyk jildt as ien fan 'e moaiste fan Rome en waard yn opdracht fan 'e famylje Vassalletto boud. De gongen fan 'e yn 'e jierren 1215 oant 1232 boude kleastergong binne likernôch 36 meter lang en hawwe ryk fersierde, foar in part draaide pylders mei ynliswurk fan moarmer. Yn 'e midden fan 'e kleastergong stiet in 9e-iuwske fontein.
Oan 'e muorren binne resten fan 'e âlde basilyk (fan foar de ferbouwing troch Borromini) oanwêzich, lykas in diel fan Arnolfo di Cambio's grêfmonumint foar de 13e-iuwske ferstoarne kardinaal Annibaldi della Molara.
Baptistearium
bewurkje seksjeIt tsjintwurdich achthoekige baptistearium fan it Lateraan is mooglik it âldste baptistearium fan 'e Kristenheid en jild as it prototype foar alle oare baptistearia. It waard yn 315 troch Konstantyn boud, nei alle gedachten doe mei in rûn grûnplan en yn 'e jierren 432 oant 440 ûnder Sikstus III ferboud, doe't it in achthoekich grûnplan krige. Alhoewol't it baptistearium yn 'e rin fan 'e tiid faak ferboud waard, binne resten fan antike mozaïeken en pylders fan Egyptysk porfier bewarre bleaun. Ek de brûnzen doar út de 5e iuw is bewarre bleaun.
De muorreskilderings fan it hjoeddeiske ynterieur datearje út de 17e iuw en waarden troch Andrea Sacchi (1599–1661) oanbrocht.
Oarspronklik foarme it baptistearium in ûnderdiel fan in grutter kapellekompleks, dy't oan de hilligen Stefanus, Hilarius en it Hillich Krús wijde wiene. Foar de grutte ferbouwing fan it hiele kompleks moasten se ôfbrutsen wurde en se binne allinne noch op tekenings te sjen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|