San Paolo fuori le Mura
De Sint-Paulus bûten de Muorren (Italjaansk: San Paolo fuori le mura, Latynsk: Ecclesia Sancti Pauli extra muros; folút: Papale Arcibasilica Patriarcale Maggiore Abbaziale di San Paolo fuori le Mura) is in pauslike aartsbasilyk oan it Piazzale San Paolo yn Rome. De oer it grêf fan 'e apostel Paulus boude tsjerke leit tusken de tsjintwurdige Via Ostiense en de Tiber en wurdt dêrom ek fakentiden Basilica Ostiense neamd. Sûnt it Lateraanske Ferdrach fan 1929 heart it kompleks ta de eks-territoriale besittings fan 'e Hillige Stoel. De Sint-Paulus is ien fan 'e Sân Pylgertsjerken fan Rome.
Sint-Paulus bûten de Muorren San Paolo fuori le Mura | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
plak | Rome | |
adres | Piazzale San Paolo, 1 | |
koördinaten | 41° 51'N 12° 28'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolie Tsjerke | |
wijd oan | Paulus | |
status | basilica maior | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Luigi Poletti | |
boujier | 1823-1854 | |
boustyl | neoklassisisme | |
Webside | ||
Side fan de San Paolo | ||
Kaart | ||
De tafoeging "bûten de muorren"" ferwiist nei de lokaasje fan 'e tsjerke bûten de tusken 271 en 280 boude Aureliaanske stedsmuorre.
Skiednis
bewurkje seksjeNei de ûnthalzing fan Paulus troch Nearo waard syn lichem begroeven op it lân fan 'e frou fan 'e oerman Aulus Plautius, de ta it kristendom bekearde Pomponia Graecina. Hja liet oer it grêf in lytse kapel bouwe om de apostel te betinken, mar keizer Konstantyn joech opdracht om dêr yn it earste fearn fan 'e 4e iuw in lytse, troch paus Silverster I wijde, basilyk te bouwen.
Under Teodoasius I waard de basilyk fan Konstantyn foars útwreide. Yn dy tiid ûnstie de hjoeddeiske tsjerke mei in middenskip en fjouwer sydskippen. Nei de foltôging yn 'e twadde helte fan 'e fyfte iuw waard de útwreide basilyk mooglik troch paus Innosintius I ynwijd.
De basilyk lei bûten de muorren en waard yn 'e 9e iuw by de islamityske ynfal yn Rome yn 843 plondere, wêrby 't neffens de oerlevering tûzenen kilo's goud en sulver stellen waard. It waard foar paus Jehannes VIII de oanlieding om de Sint-Paulus, it kleaster en it lân der om hinne te fersterken, wêrmei't de stêd Johannispolis (Italjaansk: Giovannipoli) ûntstie, dy't oant 1348 bestie, doe't in ierdskodding de stêd folslein ferneatige.
Yn 'e 13e iuw waard de tsjerke fersierd mei keunstwurken lykas it oanbringen fan in grut mozayk yn 'e apsis. Ek waard útein set mei de bou fan in kleastergong neffens it ûntwerp fan Vassallectus. Yn 1285 boude Arnolfo di Cambio in prachtich siboarium. Ut deselde perioade stamt de kandelaber foar de Peaskekjers, in seis meter hege pylder mei romaanske reliëfs út it Nije Testamint.
By de ierdskodding fan 1348 dy't Johannispolis ferneatige bleau de basilyk sparre, mar yn 'e nacht fan 15 op 16 july 1823 baarnde de tsjerke hielendal ôf troch sleauwens fan ien fan 'e wurkers by in reparaasje fan 'e tsjerke. Mei help fan finzenen koe de tsjerke wer opboud wurde. Om de rekonstruksje mooglik te meitsen droegen katoliken út de hiele wrâld by, mar ek foarsten lykas tsaar Nikolaas I en kening Fûad I fan Egypte diene in bydrage oan de weropbou, dy't foar it measte yn 'e oarspronklike styl plakfûn. Yn 1854 wijde paus Pius IX de Sint-Paulus op 'e nij yn. Dat barde yn oanwêzigens fan in grut tal kardinalen en biskoppen, dy't yn it ramt fan 'e ôfkundiging fan it dogma fan de ûnbesmodske ûntfinzenis yn Rome wiene.
Grêf fan de apostel Paulus
bewurkje seksjeOp 6 desimber 2006 makke it Fatikaan bekend dat yn 'e tsjerke it grêf fan de apostel Paulus op 'e nij ûntdutsen wie. De opgravings fûnen plak yn it ramt fan in renovaasje fan 2002 oant septimber 2006 ûnder lieding fan de Fatikaanske argeolooch Giorgio Filippi. De ûngewoan grutte sarkofaach fan 2,5 meter lang waard mei in letantyk epitaaf mei it ynskrift Paulo Apostolo Mart ("Paulus, apostel, martler") ûnder it haadalter fan 'e basilyk fûn, dêr't it grêf fan 'e apostel al sûnt 1600 jier fereare waard. Likernôch fiif iuwen lyn wie de krypt sletten en it krekte plak fan it grêf rekke nei ferskate ferbouwings en in brân fan 1823 yn it ferjitten.[1][2]. Ferskate ûndersikers fine it oannimlik dat de reliken fan 'e apostel tsjin 'e ein fan 'e 4e uw út it oarspronklike grêf yn 'e apsis fan 'e basilyk fan Konstantyn opgroeven binne en dêrnei yn 'e ûntdutsen sarkofaach lein waarden. By in sonde-ûndersyk yn 'e sarkofaach waarden stof- en bonkeresten oantroffen, dy't neffens in koalstofdatearring út de 1e of 2e iuw nei Kristus stamme. Op de dei foar it Petrus en Paulus-feest yn 2009 sei paus Benediktus XVI yn 'e taspraak by it ôfsluten fan it Paulusjier dat er oertsjûge wie fan de autentisiteit fan de ynhâld fan de sarkofaach.
Kleaster
bewurkje seksjeAl ûnder paus Gregoarius I bestiene der by de tsjerke in kleaster foar manlju en in kleaster foar froulju. Beide kleasters rekken yn 'e rin fan 'e tiid yn it neigean, mar paus Gregoarius II fernijde it manljuskleaster en joech de muontsen de ferantwurdlikens foar it ûnderhâld fan 'e basilyk. Nei't yn 937 Odo fan Cluny Rome besocht, waard it kleaster oerdroegen oan 'e Benediktinen. Fan 1205 oant 1241 waard troch Pietro Vasaletto de kleastergong boud. Dy heart mei de moarmeren dekoraasjes op 'e pylders ta de moaisten fan Europa. It kleaster wie yn it tiidrek 1425-2005 in territoriale abdij, mar ûnder Jehannes Paulus II krige it de status fan in gewoane abdij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|