Nikolaas I fan Ruslân
Nikolaas I Pavlovitsj fan Ruslân (Russysk: Николай I Павлович, Nikolaj I Pavlovitsj) (Tsarskoje Selo by Sint-Petersburch, 6 july 1796 – dêre, 2 maart 1855), wie tsaar fan Ruslân fan 1825 oant syn dea yn 1855. Hy wie kening fan Poalen fan 1 desimber 1825 oant 25 jannewaris 1831 en ek gruthartoch fan Finlân.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Nikolaas wie in soan fan tsaar Paul I fan Ruslân en dy syn frou tsarina Maria Fjodorovna. Hy wie in pakesizer fan tsaar Peter III fan Ruslân en tsarina Katarina II. Oan memmekant wienen syn pake en beppe Frederik Eugenius fan Württemberg en Frederika fan Brandenboarch-Schwedt.
Galery
bewurkje seksje-
De frou fan Nikolaas I, Aleksandra Fjodorovna. Feitlik prinsesse Charlotte fan Pruisen. De âldste dochter fan kening Frederik Willem III fan Pruisen.
-
De âldere broer fan Nikolaas tsaar Aleksander I.
-
Alexandra Fjodorovna mei harren âldste bern. De lettere tsaar Aleksander II en grutfoarstinne Maria Nikolajevna.
-
De âldste soan fan Nikolaas, de lettere tsaar Aleksander II fan Ruslân.