Sân Pylgertsjerken fan Rome

De Sân Pylgertsjerken fan Rome binne sân tsjerken yn Rome dy't foar pylgers nei de stêd in spesjale betsjutting hawwe. De tsjerken binne foar in pylger yn ien dei rinnendewei te berikken. De pylger fertsjinne mei it ôfreizgjen fan de tsjerken eartiids it ûnthjit fan in folle ôflaat.

De Sân Pylgertsjerken fan Rome (Antoine Lafréry, 1575)

Oant it jier 2000 foelen ûnder de sân pylgertsjerken de folgjende fjouwer romeinske basilicae maiores en trije basilicae minores:

Nei't de tradysje troch de jierren hinne wat út de moade rekke, joech de hillige Filippus Neri it gebrûk yn de 16e iuw yn it ramt fan de fernijing fan it religieuze libben yn Rome in nije oantrún. Hy rôp de ynwenners fan Rome en pylgers nei de ivige stêd op om benammen mei Karnaval en yn de tiid nei Peaske oan de beafeart nei de sân tsjerken mei te dwaan. Ynearsten bestiene de dielnimmers út ienfâldich folk, mar letter koed er ek fertsjintwurdigers út it hegere laach fan de befolking mei krije.

Paus Jehannes Paulus II liet de San Sebastiano fuori le mura yn it jubeljier 2000 ferfange troch it Santuario della Madonna del Divino Amor (Hillichdom fan de Madonna fan de Godlike Leafde), mar dy feroaring hat oant no ta net in soad neifolging krige.

In folchoarder fan de rûte wurdt net ôftwongen, mar de boppesteande folchoarder wie en is fanwegen de lokaasjes lykwols de meast brûkte.