Santa Maria Maggiore

De Santa Maria Maggiore (Hillige Marije de Meardere), ek Santa Maria della Neve, Basilica Liberiana of Maria ad Praesipe is ien fan 'e fjouwer pauslike basiliken yn Rome. De fanwegen de mozaïken ferneamde tsjerke is yn rang in basilica maior en ien fan 'e sân pylgertsjerken.

Hillige Marije de Meardere
Santa Maria Maggiore
Lokaasje
lân Itaalje
plak Rome
adres Piazza di S. Maria Maggiore
koördinaten 41° 53'N 12° 29'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
wijd oan Marije
status basilica maior
Arsjitektuer
arsjitekt Ferdinando Fuga, Domenico Fontana, Arnolfo di Cambio, Giacomo della Porta
boujier sûnt 432
boustyl Romaanske en barokke arsjitektuer
Webside
Side fan de Santa Maria Maggiore
Kaart
Santa Maria Maggiore (Rome)
Santa Maria Maggiore

De basilyk stiet yn it sintrum fan Rome oan it Piazza di S. Maria Maggiore net fier fan it Roma Termini-stasjon op it eks-territoariale gebiet fan it Fatikaan. It is de iennige fan 'e grutte basiliken wêrfan't de orizjinele struktuer noch yntakt is.

 
Grûnplan.

Neffens de leginde liet paus Libearius de tsjerke bouwe nei't yn 'e nacht fan 4 op 5 augustus 358 yn in dream Marije oan 'e eigner fan de grûn ferskynde. Hja droech him op om in tsjerke te bouwen op in plak dêr't de deis derop snie falle soe. De oare deis foel der midden yn 'e simmer snie op it heechste plak fan 'e Esquilyn-heuvel en noch deselde dei tekene paus Libearius it grûnplan fan 'e noch te bouwen tsjerke. Hjoeddedei wurdt it mirakel noch alle jierren op 5 maaie betocht troch yn in misse wite blombledsjes út it kassettenplafond deldwarrelje te litten. Dêrom wurdt de tsjerke ek wol 'Basilica Liberiana' (Libeariusbasilyk) of 'Santa Maria della Neve' (Us-Leaffrou fan 'e Snie) neamd. In oare namme foar de basilyk is de 'Maria ad Praesipe' (Marije foar de Krêbe).

 
Ynterieur.

De earste tsjerke waard ûnder paus Sikstus III yn 432 boud, dy't it middenskip en de apsis mei mozaïken fersiere liet. De wijing fan 'e tsjerke oan Marije fûn koart nei it Konsylje fan Efeze plak, dat de jongfaam as de Mem fan God útrôp. Alhoewol't de tsjerke yn 'e rin fan 'e tiid faak ferboud waard, bygelyks nei de ierdskodding fan 1348, bleau it oarspronklike grûnplan fan it gebou yntakt. Binnen is it konsept fan in Romeinske basilyk noch dúdlik te werkennen troch de lange rjochthoekige hal, dy't troch rigen pylders mei ioanyske kapitelen yn in middenskip en twa smellere sydskippen ferdield en ôfsletten wurdt mei in apsis.

De klokketoer stamt út 1377. De toer waard yn 'e 15e iuw ferhege mei in ferdjipping. Mei 75 meter is it de heechste klokketoer fan Rome.

Yn 'e 17e iuw waarden oan wjerskanten fan 'e tsjerke kapellen oanboud.

Paus Benediktus XIV joech yn 1743 opdracht oan Ferdinando Fugo ta it bouwen fan in nije gevel, dy't it resultaat foar in âlde basilyk lykwols wat al te frivoal fûn. Resten fan 'e âlde gevel en in 13e-iuwsk mozayk fan 'e leginde binne te sjen efter it balkon yn 'e gevel. Yn it skip binne op 36 fjilden foarstellings te sjen fan ferhalen út it Alde Testamint.

Hillige Doar

bewurkje seksje

Lofts fan 'e haadyngong is de Hillige Doar. Mei in jubeljier wurdt de doar iepene.

 
5e-iuwske mozaïken koerbôge.

De Santa Maria Maggiore is ferneamd fanwegen de mozaïken dy't paus Sikstus III (432-440) oanbringe liet yn 'e tsjerke. Bewarre binne de fresko's oan 'e triomfbôge mei foarstellings út de bernetiid fan Jezus. De âlde apsis hie soartgelikense mozaïken, mar waard tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw ferfongen troch in nije apsis, dy't yn 1295 fersierd waard mei mozaïken fan Jacopo Torriti. Ek hjoeddedei siere dy mozaïken de apsis. Se stelle de kroaning fan Marije troch Jezus foar. Ek de mozaïken fan it middenskip boppe de architraaf binne 5e-iuwsk. Se bringe op 'e 36 fjilden tusken de pilasters ferhalen út it Alde Testamint yn byld.

De twa grutte kapellen oan wjerskanten fan it haadalter ferfange in oarspronklik net oanwêzich transept. De Cappella Paolina (of Cappella Borghese) ûnstie yn 'e tiid fan 'e Borghese-paus Paulus V om de ikoan fan 'e Salus Populi Romani (beskermer fan it Romeinske folk) yn ûnder te bringen, dat neffens de tradysje troch de evangelist Lukas makke wêze soe. De tige ryk dekorearre kapel is ek it lêste rêstplak fan paus Paulus V.

 
Krêbe-relikwarium

De Capella Sistina (Sikstynske kapel; net te betiizgjen mei de Sikstynske kapel fan it Apostoalysk Paleis yn Fatikaanstêd) oan 'e oare kant fan it alter datearret fan 1585 en waard troch Domenico Fontana yn opdracht fan paus Sikstus V boud. De pausen Sikstus V en Pius V krigen hjir harren lêste rêstplak. It alter yn it sintrum fan 'e kapel hat de foarm fan fjouwer ingels dy't in siboarium yn 'e foarm fan 'e kapel drage.

Njonken de Capella Borghese leit de Cappella Sforza. De kapel is twa jier foar syn dea troch Michelangelo ûntwurpen. De arsjitekt Tiberio Calcagni fierde it plan út, dat it beskôge wurdt as it lêste wurk fan Michelangelo.

De Capelle San Michele is fersierd mei fresko's fan 'e evangelisten.

Maria ad Praesipe

bewurkje seksje
 
Salus Populi Romani

De namme Maria ad Praesipe (Marije foar de Krêbe) draacht de tsjerke fanwegen in de relyk fan 'e krêbe fan Jezus, dat yn 'e krypt ûnder it haadalter yn in kostber relikwarium fan Giuseppe Valadier bewarre wurdt. De Sacra Culla (Hillige Widze) kaam nei Rome doe't de Arabieren yn 'e 7e iuw it Hillige Lân feroveren. Ek is yn 'e krypt in krystgroep te sjen, dy't oan 'e 13e-iuwske byldhouwer Arnolfo di Cambio taskreaun wurdt. De bylden wiene oarspronklik makke foar in net mear besteande kapel, dêr't yn 1587 de Cappella Sistina boud waard. Foar de Sacra Culla oer is op earbiedige ôfstân in byld fan in knibbeljende paus Pius IX te sjen.

Grêfmonuminten

bewurkje seksje

Yn 'e Santa Maria Maggiore binne de grêfmonuminten fan 'e folgjende pausen te finen:

 
Grêfmonumint Klemens VIII.
  • paus Klemens IX (rjochts fan 'e yngong)
  • paus Nikolaas IV (lofter sydskip, flak by de yngong)
  • paus Pius V (linker muorre fan 'e Sikstuskapel)
  • paus Sikstus V (rjochter muorre fan 'e Sikstuskapel)
  • paus Klemens VIII (yn 'e Cappella Paolina of Cappella Borghese)
  • paus Paulus V (linker muorre Cappella Paolina of de Cappella Borghese)

It grêfmonumint fan paus Honoarius III waard by in ferbouwing ferneatige.

Fierder binne it neamen wurdich:

  • It grêf fan Hieronymus yn 'e krypt, de 4e-iuwske tsjerkfaar dy't de Bibel oersette yn it Latyn (de Fulgata).
  • It grêfmonumint foar kardinaal Rodriguez (oan 'e ein fan it rjochter sydskip; datearre 1299, makke troch Cosma).
  • It grêfmonumint foar de bruorren De Lévis (aartsbiskop fan Arles Eustache de Lévis en aartsbiskop fan Auch Philippe de Lévis; rjochter sydskip fuort by de yngong).
  • Rjochts efter it pausalter it ienfâldige grêf fan Gian Lorenzo Bernini.
  • Yn 'e krypt binne ferskate leden fan 'e famylje Borghese byset.

It grutste oargel fan 'e meiïnoar fjouwer oargels dy't de tsjerke besit hat 67 registers en waard yn 1955 troch de firma Mascioni boud. It oargel stiet oan beide kanten fan it koer. De spyltafel en it posityfwurk stiet lofts fan it alter yn 'e krusing

Yn 'e toer hingje fiif klokken út de 13e, 14e, 16e, en 19e iuw. De âldste en lytste klok waard yn 1239 of 1289 getten.

Under de tsjerke binne opgravings fan in grut bouwurk te sjen. Nei alle gedachten giet it om in gebou út de tiid fan keizer Augustus of keizer Hadrianus. De haadyngong wie ûnder de apsis fan 'e hjoeddeiske tsjerke. Under keizer Konstantyn waarden twa muorren beskildere mei in agraryske kalinder, dy't letter troch dekoraasje fan moarmer út it sicht rekke. Yn it museum fan 'e tsjerke (rjochts efteroan) kin ek in diel fan 'e fynsten besichtige wurde. Ek de opgravings binne te besjen, mar allinne ûnder begelieding.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: