San Lorenzo fuori le mura

De Sint Laurentius bûten de Muorren (Latynsk: basilica Sancti Laurentii extra muros; Italjaansk: San Lorenzo fuori le mura, ek San Lorenzo al Verano) is in tsjerkegebou yn Rome. It oan Laurentius fan Rome wijde gebou is in basilica minor en ien fan de Sân Pylgertsjerken fan Rome.

Sint-Laurentius bûten de Muorren

San Lorenzo fuori le mura

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Lazio
plak Rome
adres Piazzale del Verano
bysûnderheden
boujier 6e iuw, 13e iuw, 20e iuw
offisjele webside
Side fan de basilyk

Yn de basilyk krigen Sint-Laurentius, de steatsman Alcide De Gasperi (ien fan de stifters fan de Europeeske Mienskip) en de fiif pausen Zosimus, Sikstus III, Hilarius, Damasus II en Pius IX harren lêste rêstplak.

Skiednis bewurkje seksje

Ear't de hjoeddeiske basilyk boud waard, stie der al in kapel dy't oarspronklik boud waard troch keizer Konstantyn I. Neffens de tradysje stie dy kapel by it grêf dêr't de hillige Laurentius yn 258 begroeven waard.

Yn de jierren 580 joech paus Pelagius II opdracht om in nije tsjerke op it plak te bouwen. Foar in skoft diene de Konstantynske basilyk en de basilyk fan Pelagius beide tsjinst, mar nei alle gedachten earne tusken de 9e en 12e iuw rekke de Konstantynske basilyk bûten gebrûk.

Paus Honoarius III liet yn 1217, mooglik yn it ramt fan de kroaning fan Piter II fan Courtenay as de Latynske keizer fan Konstantinopel, de tsjerke fan Pelagius II grutter meitsje: de tsjerke waard nei it westen ta langer makke, de âlde apsis waard ôfbrutsen en de âlde basilyk waard it ferhege presbitearium fan de nijbou. De tsjerke waard fersierd mei fresko's oer it libben fan de patroanhillige en de earste martler fan it kristendom, Sint-Stefanus, dy't mei Laurentius yn de confessio ûnder it haadalter begroeven lizze.

 
De tsjerke foar de alliearre bombardeminten

Fan 1374 oant 1847 wie it de tsjerke fan it Latynske Patriarchaat fan Jeruzalim. Yn dat lêste jier herstelde paus Pius IX de sit fan it patrarchaat yn Jeruzalim.

De tsjerke waard yn de barokke tiid ferboud, mar dy barokke feroarings waarden mei de restauraasje fan Virginio Vespignani tusken 1855 en 1864 ûngedien makke.

 
Skryn fan Pius IX

Op 19 july 1943 waard de tsjerke troffen troch alliearre bombardeminten, wêrby't de mei fresko's fersierde gevel ferlern gyng. Nei dy tiid waard de basilyk wer opboud en restaurearre mei it oarspronklike materjaal, de 19e-iuwske tafoegings oan it gebou waarden lykwols net rekonstruearre en de âlde fresko's op it boppediel fan de gevel wiene sa bot skeind, dat se net te rekonstruearjen wiene. De restauraasje waard foltôge yn 1948.

By opgravings yn 1957 by de muorre fan it tsjerkhôf waarden de resten fan de Konstantynske basilyk oantroffen, in grut sirkelfoarmich bouwurk mei trije skippen. Under de basilyk waarden tal fan grêfkelders ûntdutsen.

De tsjerke grinzget oan in grut tsjerkhôf en der fine dêrom in grut tal roustsjinsten plak. Efter de tsjerke slút in kleastergong oan. Foar de tsjerke stiet in pylder mei it brûnzen byld fan Laurentius út 1865.

Klokketoer bewurkje seksje

De romaanske klokketoer waard yn de 12e iuw boud.

Beskriuwing bewurkje seksje

De trijeskippige tsjerke bestiet út twa tsjerken út ferskillende tiden: de tsjerke fan Pelagius út de 6e iuw, it tsjintwurdige presbitearium, en de rest fan it gebou, de 13e iuwske tsjerke fan Honorius.

Ynterieur bewurkje seksje

 
Pauslike troan
 
Pauslik alter

De yn 1220 oanbrochte fresko's yn de portikus binne rekonstruearre en litte foarstellings sjen út it libben fan Laurentius en Stefanus. Fierder steane dêr twa âlde sarkofagen en by de tagong nei de tsjerke twa midsiuwske liuwen. Fuort by de yngong is de tombe fan de kardinaal Guglielmo Fieschi, dy't yn 1256 ferstoar mar yn in antike sarkofaach telâne kaam mei in reliëf fan in heidenske foarstelling.

Yn it koer en oan de preekstoel binne geometryske dekorative fersierings fan ynliswurk oanbrocht. Ek is der in kandler mei deselde soart dekoraasje út de 12e of 13e iuw. De antike ionyske kapiteel fan de pylder fuort efter de preekstoel hat fesierings fan in kikkert en in hagedis. Oan de triomfbôge binne 6e-iuwske byzantynske mozaïeken oanbrocht fan Kristus en hilligen. Under it alter is in krypte dy't fanút it skip fan de tsjerke yngien wurde kin. Dêr lizze de oerbliuwsels fan Laurentius en Stefanus. Paus Pelagius II liet Stefanus fan Konstantinopel oerbringe nei Rome doe't er de basilyk restaurearje liet.

De flier datearret út de tiid fan paus Honorius. It siboarium datearret út 1148. Yn it ein fan it presbitearium stiet de mei mozaïeken fersierde biskopssit fan 1254.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Italjaanskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: it:Basilica di San Lorenzo fuori le mura