City Teäter
It City Teäter wie in teäter op De Jouwer dat bestie fan 1959 oant 1979.
Oanrin
bewurkje seksjeUtbater fan 'it City' wiene Dirk Schouten (Grins, 10 augustus 1919 - Snits, 28 april 2006) en syn Jouster frou Anna Schouten-Zeldenthuis. Schouten kaam út de merkewrâld. Syn pake út Monnikendam hie begjin 20e iuw al in piasse-spul (fariëtee). Pake wie berne yn Harns oan board fan in skip. Hy waard muzikant, akrobaat, toanielspiler, en hie nei 1911 in reisbioskoop. Syn Frânske beppe Joanna Ludoviva Hart wie "muziekanster", artyste (1895) en akrobaat (1900). Durk syn heit wie ek akrobaat, en hie yn 1924 in sjittinte en eksploitearre in reisbioskoop yn de tiid fan de stomme film. Mei dit reizgjende teäter reizge syn heit de grutte doarpen ôf. Dirk hie mar fjouwer klassen nei skoalle gien. Doe moast syn heit him yn it filmteäter brûke op de motorboat dy’t it teäter ferfierde. Neist it opboude teäter stie in lokomobyl dat stroom opwekte. Doe’t geandewei mear kafeehâlders it súkses fan reizgjende filmteäters seagen waarden yn de gruttere plakken faak kafeesealen omboud ta bioskoop. Schouten kaam op it lêst allinnich noch yn lytsere plakken mei syn reizgjende teäter. In pear jier nei de oarloch ferhierde hy syn tinte in Grins foar in tentoanstelling, mar nachts baarnde de tinte ôf. Schouten hierde doe yn de wykeinen in romte yn It Tolhûs dy't er as filmseal brûkte.
Iepening
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldoarloch wie der net folle teäter of filmromte op De Jouwer. Simmerdeis wie der allinnich it iepenloftteäter. Yn 1954 liet Dirk Schouten it hûs fan feearts Koopmans oan de Inkele Rigel ombouwe ta bioskoop. Yn it nije teäter wie plak foar 400 besikers. De romte wie 40 meter lang en it toaniel hie in oerflak fan sa'n 75 m². De filmseal wie ek geskikt foar konsert- en toanielútfierings. By de bou waard as bysûnderheid oankundige dat de romte ferwaarme wurde soe mei ierdgaskachels. By de iepening wie it plafond noch net klear. De film- en teäterseal siet op de ferdjipping, ûnder wie in kafee, dat ek as foyer brûkt waard.
It teäter waard iepene troch boargemaster Hoekstra. By de iepening waard troch it Nederlânsk Bioskoopbûn in elektryske klok oanbean. Nei de offisjele iepening waard it teäter yn gebrûk nomd mei de projeksje fan it Polygoonsjoernaal op it brede bioskoopdoek. Dêrnei kaam in Cinemascoopfoarstelling mei in ferslach fan it keninklik pear oan 'De west'.
Doe't it teäterbesyk werom rûn en Schouten âlder waard, wie it kafee allinnich noch op woansdei en yn de wykeinen iepen. Yn 1979 waard it City-teäter ferkocht oan de nije útbater Marten Osinga. Yn 1988 waard 'de City' iepenbier ferkocht. Yn de advertinsje stie: Publike ferkeaping De Merk 1 een pand waarin een café, bioscoop, toneelakkomodatie, garages, erf, aan De Merk 1 groot 6 are en 33 ca. Bod: f135.209. Op it plak waarden nei de ôfbraak apparteminten boud.
Bioskopen yn Fryslân
bewurkje seksjeYn 1923 waard yn Den Haag de earste City-bioskoop iepene. De NV Maatskippij ta Eksploitaasje fan it City Theater iepene dêrnei yn 1929, ek yn Den Haag, it Flora Theater en yn 1930 it Odeon Theater. Yn 1933 iepene it Lumière Theater yn Rotterdam, it City Theater yn Amsterdam waard de fyfde bioskoop. Dêrnei folgen in soad oare plakken yn Nederlân, lykas de Jouster City en City Theater Schaaf yn Ljouwert. Los fan de City Teäters kamen ek oare bioskopen yn Fryslân: De Doelen yn Boalsert, Amicitia yn Frjentsjer, Flora yn De Gordyk, Bioskoop Oosterhof yn Noardwâlde, Bioskoop De Zon yn Easterwâlde en Bioskoop Trebol yn Harns.[1] Troch de konkurrinsje fan de telefyzje ferdwûnen in soad bioskopen of fusearren. Sa waard bygelyks it Amsterdamske City Teäter yn 1995 oernomd troch bioskooporganisaasje Pathé.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|