Clas Thunberg
</noinclude> Arnold Clas Robert Thunberg (Helsinki, 5 april 1893 - Helsinki, 28 april 1973) wie in Finsk reedrider. Fyftjin jier lang, fan 1924 oant 1939, wie Thunberg ien fan de bêste reedriders fan de wrâld.
Clas Thunberg | ||
Reedrider | ||
Clas Thunberg (1924) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Arnold Clas Robert Thunberg | |
nasjonaliteit | Finsk | |
bertedatum | 5 april 1893 | |
berteplak | Helsinki | |
stjerdatum | 28 april 1973 | |
stjerplak | Helsinki | |
etnisiteit | Sweedsk | |
lingte | 173 sm | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Chamonix 1924, Sankt-Moritz 1928 | |
debút | 1911 | |
karriêre-ein | 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
5x goud Olympyske Spullen 1924, 1928 1x sulver Olympyske Spullen 1924 1x brûns Olympyske Spullen 1924 5x goud Wrâldkampioenskip 1923, 1925, 1928, 1929, 1931 1x sulver Wrâldkampioenskip 1927 1x brûns Wrâldkampioenskip 1922 |
Clas Thunberg, dy't ta de Finlânsweedske minderheid hearde, begûn pas op lettere leeftiid mei reedriden. Nei in wat wyld libben mei smoken en drank konsintrearre er him no folslein op syn sport. Pas mei 28 jier behelle er syn earste titel by it Europeesk kampioenskip allround yn 1922. Dêrnei hearde er tsien jier lang by de bêste reedriders fan de wrâld.
Doe't er foar it earst meidie oan de Olympyske Winterspullen, Chamonix 1924, wûn Thunberg op alle ôfstannen in medalje, trije gouden medaljes (1500 en 5000 meter en allround), ien sulveren (10.000 meter) en ien brûnzen medalje (500 meter). De Finske reedrider is sadwaande de iennige Olympyske allround kampioen yn de skiednis oant no ta, om't dy dissipline oant hjoed-de-dei allinne by dizze edysje op it programma stien hat. Fjouwer jier letter by syn twadde dielname oan de Olympyske Winterspelen, Sankt Moritz 1928, wûn Thunberg goud op de 500 en 1500 meter.
Trochdat by de Olympyske Winterspullen fan 1932 yn Lake Placid de reedrydôfstannen ferriden waarden op Amerikaanske wize mei in massastart, bleaune in soad Europeeske reedriders út ûnfrede oer dy wize fan wedstriidreedriden thús, sa ek Clas Thunberg.
Njonken alle Olympyske poadium pleatsten grossierde Thunberg ek yn earemetaal by de allround kampioenskippen. Sa waard er fjouwer kear Europeesk kampioen en fiif kear wrâldkampioen allround. Mei it oantal fan fjouwer Europeeske titels stiet er tredde op de list fan measte titels by it EK allround. Mei de fiif wrâldtitels allround stiet Thunberg tegearre mei de Noarsk Oscar Mathisen op in dield twadde plak fan gouden medaljes op it WK. Clas Thunberg ferstoar op 28 april 1973, yn 'e aldens fan 80 jier.
Persoanlike rekords
bewurkje seksjeOfstân | Tiid | Datum | Baan |
500 meter | 42,6 | 13 jannewaris 1931 | Badrutts Park, Sankt Moritz |
1000 meter | 1.27,4 | 4 maart 1931 | Bislett Stadion, Oslo |
1500 meter | 2.18,1 | 22 jannewaris 1930 | Eisstadion Davos, Davos |
3 km | 5.00,6 | 21 febrewaris 1933 | Eisstadion Davos, Davos |
5 km | 8.32,6 | 4 febrewaris 1928 | Eisstadion Davos, Davos |
10 km | 17.34,8 | 5 febrewaris 1928 | Eisstadion Davos, Davos |
Resultaten
bewurkje seksjejier | EK Allround |
WK Allround |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|
1922 | |||
1923 | |||
1924 | 500 m, 1500 m, 5 km, 10 km, Allround, | ||
1925 | |||
1927 | |||
1928 | 500 m, 1500 m, 5 km, 12e | ||
1929 | |||
1931 | |||
1932 | |||
1933 | 6e | ||
1934 | 15e | 14e | |
1935 | 11e | 18e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|