In Cointet-elemint, as Belgyske poarte (Ingelsk: Belgian Gate) of C-elemint, wie in swier stek fan stiel fan sa'n 3 meter breed en 2 meter heech, dat op rôlers fan beton fêstmakke wie. Ien sa'n elemint woech sa'n 1,280 kg, mar koe troch twa hynders lutsen wurde.

In Cointet-elemint op in strân
Cointet-elemint yn Saint-Côme-du-Mont (2011)

De útfining fan dizze ôfsetting stiet op namme fan de Frânske kolonel, Léon-Edmond de Cointet de Fillain (1870-1948, dy't letter generaal waard). Hy krige it idee yn 1933 yn de oanrin nei de Twadde Wrâldkriich; syn fynst wie ornearre foar gebrûk yn Maginotliny. It Cointet-elemint wie it haadelemint yn de Belgyske KW-stelling, in tankôfsetting dy't boud waard tusken septimber 1939 en maaie 1940 as ferdigeningsliny fan midden-Belgje tsjin Nazy-Dútslân.

Totaal waarden fanwege it Belgyske ministearje fan Definsje 77.000 Cointet-eleminten produsearre wêrfan't in grut tal op de KW-stelling tusken Koningshooikt en Waver set waarden. Nei de Dútske ynvaazje waarden de Cointet-eleminten troch de Dútskers brûkt as barrikades op wegen, brêgen en op de Noardseestrannen yn Jeropa. By de Dútsers hiet it Cointet-elemint it C-element.