KW-stelling
De KW-stelling of KW-liny wie in Belgyske antytankôfsetting tusken Koningshooikt en Waver (dêrfandinne KW yn de namme) ornearre as ferdigening tsjin in Dútske ynvaazje yn sintraal België yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch. De KW-stelling waard boud tusken septimber 1939 en maaie 1940 fanwege it Belgysk ministearje fan Definsje; it fierwei grutste part lei bylâns de rivier Dijle. De KW-stelling bestie út in oanienskeakeling fan gefjochtsbunkers, kommunikaasjebunkers, anti-tankgrêften en stielen bouwurken (lykas Cointet-eleminten, spoarreels en tetraeders). By de alliearden wie de KW-stelling bekend as de Dijle-liny, by de Dútsers as Izeren Muorre.
De KW-stelling hearde mei de Fortegurdle om Luik en de Stelling fan Antwerpen by de kearn fan de Belgyske ferdigening oant 1940.