Colorado Book Award
De Colorado Book Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste literêre wurken wêrfan't de skriuwers yn 'e Amerikaanske steat Kolorado wenje. Dizze prizen waarden yn 1991 ynsteld troch it Colorado Center for the Book, en yn 1992 waarden se foar it earst útrikt, yn 'e kategoryen non-fiksje, fiksje, poëzij en berneboeken. De tawizing en útrikking fan 'e Colorado Book Awards is noch altyd yn 'e hannen fan it Colorado Center for the Book, al is dat yn 2004 in ôfdieling wurden fan 'e stifting Colorado Humanities.
Colorado Book Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | literatuer út Kolorado | |
útrikt troch | Colorado Center for the Book | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Denver (Kolorado) | |
ynsteld | 1991 | |
1e útrikking | 1992 | |
offisjele webside | ||
www.coloradohumanities.org/content/colorado-book-awards |
Kategoryen en winners
bewurkje seksjeDer binne op 't heden (2015) 13 kategoryen:
- bêste algemiene non-fiksje
- bêste berneboek (foar bern jonger as 10 jier)
- bêste biografy
- bêste blomlêzing
- bêste fotoboek
- bêste kreätive non-fiksje
- bêste literatuer foar bern fan 10-14 jier
- bêste literatuer foar jongfolwoeksenen
- bêste literêre fiksje
- bêste poëzij
- bêste sjenrefiksje (detektiveroman, skriller, histoaryske roman, fantasy, science fiction, horror, western)
- bêste skiedkundige non-fiksje
- bêste Spaansktalige boek of oersetting yn it Ingelsk út in oare taal
Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |