Confederation Internationale du Jeu de Balle

De Confederation Internationale du Jeu de Balle is in ynternasjonale keatsorganisaasje, oprjochte op 13 maaie 1928. By dit bûn binne nasjonale keatsorganisaasjes oansletten dêr't keatsfoarmen spile wurde dy't rjochtstreeks of sydlings ûntstien binne út it Jeu de Paume.

De federaasje hat ta doel om de nasjonale keatsorganisaasjes te stypjen by it yn stân hâlden fan harren spulfariant en ynternasjonale wedstriden te organisearjen.

By de CIJB binne keatsorganisaasjes út ûnder oaren Nederlân, Itaalje, Valencia (Spanje), Frankryk, Argentynje, Kolombia en Ekwador oansletten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De thússide fan it CIJB