Connie Booth
Constance Booth (Indianapolis, Indiana; 31 jannewaris 1944) is in Amerikaansk senarioskriuwster en aktrise. Booth is it meast ferneamd troch har optredens op de Britske telefyzje, benammen troch har wurk yn 'e mande mei John Cleese, dêr't sy doe mei troud wie.
Connie Booth | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Constance Booth | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 31 jannewaris 1944 | |
berteplak | Indianapolis | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Akteur, psychoterapeut, senarioskriuwster | |
jierren aktyf | 1968 - 1995 | |
reden bekendheid |
Fawlty Towers |
Booth makke har debút op de Britske televisie yn 1968. Sy trede geregeldwei op yn de telefyzjerige Monty Python's Flying Circus. Yn de film Monty Python and the Holy Grail wie sy de frou dy't beskuldige waard fan tsjoenderij. Sy skreau en aktearre tegearre mei har doetiidske man John Cleese yn de telefyzjerige Fawlty Towers.
Booth en Cleese trouden op 20 febrewaris 1968 en gienen yn 1978 út elkoar. Sy hawwe in dochter, Cynthia Cleese (berne yn 1971).
Connie Booth spile dêrnei ferskate rollen op de Britske telefyzje, soms kaam har Amerikaansk aksint dêrby fan pas, sa as foar de rol fan Mrs. Errol yn de BBC-bewurking fan Little Lord Fauntleroy en juffer March yn Edith Wharton har The Buccaneers. Booth aktearret net mear, sy is no oant wurk as psychoterapeut yn London.
Sûnt 2000 is Booth troud mei de Amerikaansk-Britske teäterkritikus John Lahr.
Filmografy
bewurkje seksje- And Now For Something Completely Different (1971) - ferskate karakters
- Monty Python and the Holy Grail (1975) - De tsjoenster
- Little Lord Fauntleroy (1980) - Frou Errol
- Why Didn't They Ask Evans? (1980) - Sylvia Bassington-ffrench
- American Friends (1991) - Caroline Hartley