Londen

(Trochferwiisd fan London)

Londen (Ingelsk: London) is de haadstêd en grutste stêd fan Grut-Brittanje en fan Ingelân. London leit yn it súdeasten fan Ingelân oan de Teems, sa'n 80 kilometer westlik fan de Noardsee. De stêd waard stifte troch de Romeinen en troch brêgen oer de Teems en in netwurk fan diken waard Londen mei de rest fan it Britske skiereilân ferbûn. Londen wie de haadstêd fan it Britske Ryk en dêrtroch iuwenlang it machtsintrum fan de wrâld. Londen hat sa'n 9 miljoen ynwenners en is dêrmei de grutste stêd fan Europa.

Londen
London collage.jpg
Sifers
Ynwennertal 9.002.488 (2022)[1]
13.614.409 (Metropolitan Area, 2013)
Oerflak 1.572,1 km²
Befolkingsticht. 5.666 km²
Stêdekloft 14.257.962 (2022)[2]
Hichte 24 m. boppe seenivo
Polityk
Lân flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Feriene Keninkryk
Lân (yn it FK) Ingelân
Regio Greater London
Oar
Stifting Londinium ~47 n. Kr
Tiidsône UTC +0
Koördinaten 51° 31' NB, 0° 7' WL
Offisjele webside
london.gov.uk

GeografyBewurkje

TopografyBewurkje

 
Satelytfoto fan Londen

De miljoenenstêd Londen, of it gruttere Londen, leit yn it súdeastlike part fan Ingelân. It gruttere Londen beslacht in gebiet fan 1,579 km², dêrtroch is it ien fan de grutste stêden op 'e wrâld. De Teems is in befarbere rivier dy't fan it súdwesten nei it easten troch de stêd rint. Eartiids wie dy rivier folle breder en ûndjipper as op it heden en waard begrinzge troch sompich lân; ter hichte fan de London Bridge wie sprake fan tij en by floed koe it wetter oant in kilometer breed wurde, goed fiif kear sa breed as no.[3] Mei de oanlis fan de grutste Thames Embankment sûnt 1862 waard de breedte fan de rivier bot beheind, waard sawat 9 hektare lân oanwûn en koe in rioel, in metro en wegen oanlein wurde. Noch hieltyd foarmet eb en floed fan de rivier in bedriging foar de stêd, al soe de Thames Barrier, in wetterkearing yn de Teems eastlik fan Londen, de kommende desennia genôch beskerming biede.

It heechste punt yn Londen is Westerham Heights mei in hichte fan 245 meter.[4] Westerham Heights leit yn de borough Bromley yn Outer London, de bûtenring fan it grutte Londen.

De City of London is de histoaryske stêdskern, dy't meastentiids allinnich de City neamd wurdt. De City is fral bekend troch it grutte tal finansjele ynstellings, dat er fêstige is. De omkrite is mar 2,6 km² grut en wurdt ek wol de "square mile" neamd. De City hat ûngefear 7000 ynwnenners.[5]

Bestjoerlike yndielingBewurkje

Londen bestiet út trettjin boroughs (dielgemeenten) fan Inner London: de City of London en tolve fuort omlizzende boroughs, omringd troch Outer London y grutter Londen (de folsleine stêd). De boroughs sels binne wer opdield yn ferskillende wiken. De stêd hat yn totaal 32 bestjoerlike ienheden.

De City of London is gjin borough, mar in seremonieel greefskip. De City of London hat dernjonken de status fan stêd, lykas de City of Westminster.


KlimaatBewurkje

De stêd leit yn in gebiet mei in seeklimaat; gjin ekstreem waarme simmers en gjin ekstreem kâlde winters. De trochsneed temperatoer yn it jier is 14,4 °C.

Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des
Trochsneed temperatoer heech °C (°F) 7.2 (45.0) 7.6 (45.7) 10.3 (50.5) 13.0 (55.4) 17.0 (62.6) 20.3 (68.5) 22.3 (72.1) 21.9 (71.4) 19.1 (66.4) 15.2 (59.4) 10.4 (50.7) 8.2 (46.8)
Trochsneed temperatoer leech °C (°F) 2.4 (36.3) 2.5 (36.5) 3.8 (38.8) 5.6 (42.1) 8.7 (47.7) 11.6 (52.9) 13.7 (56.7) 13.4 (56.1) 11.4 (52.5) 8.9 (48.0) 5.1 (41.2) 3.4 (38.1)
Totale reinfal yn mm 53 36 48 47 51 50 48 54 53 57 57 57
Tal dagen rein 14.8 10.8 13.4 12.7 12.5 10.5 10.1 10.9 10.5 11.6 14.0 13.2
Boarne: Worldweather.org

SkiednisBewurkje

 
Westminster Abbey yn 1749.

Londinium waard yn it jier 47 nei Kristus stifte troch de Romeinen, op in plak oan de noardkant fan de Teems. Yn dy tiid wienen de Britske eilannen bewenne fan Kelten. Yn 61 n.Kr. fernielden de Britten (Kelten) Londinium. De stêd waard wer nij opboud. Yn de 2e iuw waard de earste brêge oer de Teems makke. Londinium wie ien fan de grutste plakken yn it Romeinske ryk, mar doe't it Romeinske Ryk yn it neigean rekke hie dat ek kwealike gefolgen foar de stêd. Londen wie net mear de haadstêd fan de Romeinske provinsje en it stedsgebiet Londinium wie suver ferlitten.

Nei 500 westlik fan de âlde Romeinske stêd in Angelsaksyske delsetting mei de Lundenwic stifte. Tsjin 680 wie de stêd wer in haven fan betsjutting wurden. De ynfallen fan de Wytsingen soargen foar gaos. Yn 851 en 886 waard Londen súksesfol oanfallen, yn 994 koenen de Londenaren de Wytsingen bûten de stêd hâlde.

De Wytsingen pasten de Denewet op it easten en noarden fan Ingelân ta. Yn de Angelsaksyske Kronyk skriuwt Alfred de Grutte dat Londen fannijs oprjochte waard yn 886. Ut argeologysk ûndersyk docht bliken dat it âlde Lundenwic (westlik fan de Romeinske stêd) yn dy tiid ferlitten waard en dat de bewenning en hannel binnen de âlde Romeinske stedsmuorren wer ta libben kaam. De weroplibbing gong earst stadich, mar om 950 hinne gie it gâns flugger.

 
De Grutte Brân fan 1666 ferneatige in grut part fan de stêd.

Mei de bou fan in katedraal troch Eatelbert fan Kent groeide de stêd wer. Yn de 12e iuw waard Londen de haadstêd fan Ingelân. Yn 1348 stoar in treddepart fan de befolking troch de Swarte Dea. Yn 1475 waard Londen in Hânzestêd mei in saneamd kontor. Yn de 16e iuw fermindere de ynfloed fan de Hânze gau. Lykwols waard it kontor fan Londen pas yn 1853 troch de Hânzestêden Lübeck, Bremen en Hamboarch ferkocht.

Yn de iere 17e iuw teheistere de bûdelpest troch de stêd. It deadetal fan de grutte pestepidemy fan 1665-1666 skommelet tusken de 70.000 en 100.000, sawat in fyfde diel fan de befolking. Troch de grutte brân fan Londen yn 1666 baarnde mear as de helte fan de stêd ôf, dêrtroch is hjoed de dei mar in lyts stik fan de âlde stêd bewarre bleaun. Robert Hooke waard as stêdeboukundige oansteld om in plan te meitsjen foar de weropbou dy't mear as tsien jier duorre. Yn 1708 waard it masterwurk fan Christopher Wren, de Pauluskatedraal (St. Paul's Cathedral), oplevere. Yn de 18e iuw sette de groei fan Londen fierder troch. Ien it westen kaam nije stedsdielen lykas Mayfair ta stân en oer de Teems hinne waarden nije brêgen oanlein dy't de ûntwikkeling fan Súd-Londen mooglik makken. Yn it easten wreide de haven fan Londen him út.

 
Skea troch Dútske bombardeminten.

Tusken 1825 en 1925 wie Londen de grutste stêd op de wrâld. Troch de tichtbefolke en net botte hygiënyske stêd rekken yn dy tiid ek in protte minsken besmet mei goalera,[6] dêrtroch stoaren der 14.000 minsken yn 1848 en sa'n 6.000 minsken yn 1866.[7]

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden grutte stikken fan Londen ferneatige troch Dútske bombardeminten. Yn 1944-45 foelen ferskate Dútske V1 en V2 raketten op de stêd. Sa'n 30.000 minsken rekken dêrby dea.

Yn 1948 wie Londen noch drok mei it werstellen fan de oarlochskea, dochs waard yn dat jier de Olympyske Simmerspullen holden. De befolking fan Greater London kromp yn en nei de Twadde Wrâldkriich fan 8,6 miljoen yn 1939 nei 6,8 miljoen yn de 80er jierren fan de 20e iuw. Greater Londen as bestjoerlike ienheid waard formeel yn 1965 oprjochte. Tusken 1974 en 1984 waard de Thames Barrier boud, in wetterkearing dy't de stêd tsjin de Noardsee beskermje moast. Om it begjin fan de 21e iuw te fieren waarden de Millennium Dome, London Eye en Millennium Bridge boud. Op 6 july 2005 krige Londen de tawizing de Olympyske Simmerspullen 2012 organisearje te meien. Dêrmei wie Londen de earste stêd dy't trije kear organisator wêze mocht fan de Olympyske Spullen.

FerkearBewurkje

 
Foto fan terminal 5 fan de Lofthaven Heathrow.

De Teems hat altyd belangryk foar de ûntjouwing fan Londen west. Omdat de Teems fan de see oan de stêd ta goed befarber wie, koenen grutte havengebieten ûntstean. Lytse rivierkes, al of net ferbûn mei de Teems, binne kanilisearre of mei kanalen ferbûn mei de Teems. Der binne ferskate maatregels naam om de ferkearsbelesting yn it sintrum minder te meitsjen. Yn de 19e iuw waard de earste metro oanlein omdat de strjitten fan Londen fol en lyts wienen. Hjoed de dei is de metro noch hieltyd in goed ferkearsmiddel om fan it iene nei it oare plak te kommen.

It grutste fleanfjild fan Londen is Londen Heathrow, en leit 24 km westlik fan Londen. Oare fleanfjilden binne London City (sa likernôch 15 km fan Londen City), London Gatwick (45 km súdlik fan Londen), London Luton (50 km noardwestlik fan Londen) en London Stansted (55 km noardeastlik fan Londen).

BefolkingBewurkje

Al yn 140 hie Londen 30.000 ynwenners, yn 1300 wiene dat 100.000 en yn 1801 wie Londen nei Rome de twadde stêd yn de skiednis fan it minsdom dy't nei alle gedachten mear as 1 miljoen ynwenners hie.

 
It sintrum fan Londen

By de folkstelling fan 2007 hie Londen 7.554.236 ynwenners. De stêdekloft (ek wol; Grutter-Londen) hie 12.629.020 ynwenners.

  • 50: 7.500
  • 140: 30.000
  • 500: 500
  • 1000: 10.000
  • 1300: 100.000
  • 1600: 200.000
  • 1750: 675.000
  • 1801: 1.096.784
  • 1851: 2.651.939
  • 1901: 6.506.889
  • 1939: 8.615.050
  • 1951: 8.196.807
  • 1981: 6.608.598
  • 2001: 7.172.091
  • 2007: 7.554.236
  • 2011: 8.173.900
  • 2013: 8.416.535

FerdivedaasjeBewurkje

BouwurkenBewurkje

Londen hat in protte nijsgjirrige gebouwen. It meast ferneamd is faaks de klokketoer fan de Big Ben, part fan it Palace of Westminster, ek wol bekend as Houses of Parliament.

It âldste gebou is de Tower of London, dat lykwols gjin toer is mar in grut kastiel dêr't de âldste parten fan út de 11e iuw datearje, dat net lang nei de Normandyske ynvaasje troch Willem de Oermasterder. Troch de tiid hinne hat it gebou ûnder mear tsjinne as keninklik paleis, mar ek as finzenis dêr't tsjinstanners fan de kening fêsthâlden waarden. Tsjintwurdich is it in museum, dêr't ûnder mear de Britske kroanjuwielen te sjen binne. Tower Bridge leit njonken de Tower of London. Alle dagen passearje mear as 40.000 fuotgongers en reau de brêge.[8] Tower Bridge is ien fan Londens grutste toeriste-attraksjes.

It paleis Buckingham Palace is de Londenske residinsje fan keningin Elizabeth II en har man prins Philip. Yn de stêd en de omkriten lizze noch in grut tal oare (eardere) keninklike residinsjes, lykas Frogmore, Hampton Court Palace, Kensington Palace en Windsor Castle.

It reuzerêd London Eye en The O2 (earder Millennium Dome) hearre ta de nijste attraksjes fan de stêd. De London Eye jout op maksimaal 135 meter hichte in wiid oersjoch fan de stêd, de twadde is in grut evenemintekompleks, dêr't ûnder mear popkonserten jûn wurde.

EvenemintenBewurkje

Elts jier yn oktober fynt yn Londen it BFI Filmfestival fan Londen plak. Yn juny fynt yn 'e stêd fierders Sundance London plak, in filmfestival dat rjochte is op ûnôfhinklike films.

SportBewurkje

 
Olympyske ringen oan de Tower Bridge.

Londen hat 13 betelle fuotbalklups. Yn de beide heechste klassen fan it Ingelske fuotbal spylje Arsenal, Chelsea, Fulham, Tottenham Hotspur, Queens Park Rangers, Crystal Palace, Millwall en West Ham United.

Yn it stedsdiel Wembley stiet it romrofte Wembley stadion. De finales fan it WK fuotbal 1966 en it EK fuotbal fan 1996 waarden dêr spile. Yn it jier 2007 waard de nijbou fan Wembley oplevere. Yn it stadion wurdt alle jierren de finale fan de FA Cup holden, it bekertournoai fan it Ingelske fuotbal. Sûnt 1929 hâldt de Rugby League syn Challenge Cup finale yn it stadion. Wembley is ek it plak foar sporteveneminten dy't net struktureel holden wurde lykas moterwedstriden en wrakselwedstriden.

Yn Wimbledon wurdt alle jierren it Grand Slam toernoai holden. Yn it Twickenham Stadium wurde nasjonale en ynternasjonale Rugby wedstriden holden. De maraton fan Londen wurdt alle jierren yn april holden. Cricket is in populêre sport yn Londen. It tiim fan de Middlesex County Cricket Club spilet yn Lord’s, it ferneamdste cricketstadion op ierde.

Yn 1908, 1948 en 2012 waarden de Olympyske Simmerspullen yn Londen holden. Londen is de iennichste stêd dêr't de Olympyske Spullen trije kear holden binne.

Keppeling om utensBewurkje

  Commons: Londen – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Office for National Statistics: Estimates of the population for the UK, England and Wales, Scotland and Northern Ireland
  2. Office for National Statistics: Estimates of the population for the UK, England and Wales, Scotland and Northern Ireland
  3. Berjocht:Citeer boek
  4. (in) The Mountains of England and Wales
  5. (in) Census 2001 - City of London, Office for National Statistics
  6. Hidden extras: cholera comes to Victorian London
  7. London in the Nineteenth Century
  8. Bezienswaardigheden Londen