Paleis fan Westminster

(Trochferwiisd fan Palace of Westminster)

Paleis fan Westminster, ek bekend ûnder de namme Houses of Parliament, stiet oan de wâlskant fan de Teems yn de Londenske wyk Westminster. It paleis is de sit fan it Britske parlemint, dat bestiet út it Legerhûs, en it Hegerhûs. Sûnt 1987 stiet it tegearre mei de Abdij fan Westminster en de Sint-Margaretatsjerke op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Paleis fan Westminster
Houses of Parliament of
The Palace of Westminster
bouwurk
Paleis fan Westminster
Paleis fan Westminster
lokaasje
lân Grut-Brittanje
Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Ingelân
Regio Grut-Londen
Distrikt City of Westminster
plak Londen
bysûnderheden
type bouwurk paleis
boujier 1016
ôfbaarnd yn 1834
Wer opboud 1840–1876
arsjitekt Charles Barry en Augustus Pugin
boustyl Neogotyk (Perpendicular Gothic)
oare ynformaasje
hichte 98,5 m (Fiktoaria toer)
breedte 244 m.
tal ferdjippings 4
tal keamers 1.000

Oant 1512 wie dit it ferbliuw fan de Ingelske keningen. Yn dat jier wie in brân, wêrtroch 't kening Hendrik VIII ferhúzje moast nei it Paleis fan Whitehall. Dochs is it gebou no noch altyd in paleis. Op 20 jannewaris 1265 wie dêr de earste gearkomste fan in Ingelsk parlemint. Mei wat ûnderbrekkingen is dat it gearkomsteplak bleaun fan wichtige hearen. By in grutte brân yn 1834 gie it grutste part fan it gebou ferlern. Nei de werbou yn neogoatyske styl, belutsen it Legerhûs en it Hegerhûs harren hjoeddeistige ûnderkommen.

It gebou hat sa 'n 1.000 keamers, 100 treppen en mear as trije kilometer oan gongen. Guon dielen stamme noch út de perioade fan foar de brân yn 1834, mar it grutste part datearret fan de weropbou yn 1876.

Opfallende ûnderdielen fan it gebou:

  • De 96 meter hege klokketoer (Elizabeth Toer, yn 2012 sa neamd ta eare fan it diamanten regearingsjubileum fan Elizabeth II, dêrfoar simpelwei bekend as Klokketoer), dy 't better bekend is ûnder de beneaming Big Ben. Big Ben is yn werklikheid de bynamme fan de grutte liedklok dy't yn 'e toer hinget.
  • Westminster Seal, wêrfan't de âldste parten stamme út de Normandyske tiid en in fraai houten plafond hawwe.
  • It Heger- en Legerhûs lizze yn it sintrale part fan it gebou.
  • De Fiktoaria Toer is de fjouwerkante toer oan ’e súdwestlike kant en is mei 98,5 meter it heechste part fan it gebou.