Conny Stuart (Wijhe, 5 septimber 1913 - Amsterdam, 22 augustus 2010), pseudonym fan Cornelia van Meijgaard, wie in Nederlânsk sjongster, aktrise, kabaretjêre en musicalstjer.

Conny Stuart
akteur
Conny Stuart (1966)
Conny Stuart (1966)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cornelia van Meijgaard
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 septimber 1913
berteplak Wijhe
stoarn 22 augustus 2010
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1939 - 1985

Stuart waard grut yn Den Haach yn de omkriten fan it Fredespaleis. Se gie nei de famkes-HBS yn Bleyenburg. Yn dy tiid brûkte hja de efternamme Stuart en krige sy de bynamme "Puck". Sy sette útein as artyst as sjansonniêre en trede ûnder oaren op mei de band fan Freddy Johnson. Har earste radio-optreden wie op 25 july 1939.

Yn de Twadde Wrâldkriich moete se Wim Sonneveld, mei wa't hja de planken opgie. Stuart wie ien fan de earsten yn Nederlân dy't, goed fyftich jier letter, iepenlik tajoech dat hja mei it hiele selskip lid fan de Kultuerkeamer west hat, "want der moast dochs brea op de planke komme?"
Ek yn de jierren 50-60 bleau sy in foaroansteand lid fan Sonneveld syn selskip. Hja wie yn dy tiid troud mei Henri Hofman. Hja gienen elkoar en yn 1957 boaske sy oan de acht jier jongere Joop Doderer, in houlik dat yn 1960 op 'e non rûn.

In 1966 waard hja nasjonaal radiobekend troch har single "Wat voor weer zou het zijn in Den Haag?".

Har aktearkwaliteiten, dy't hja by Sonnefjild ûntwikkele hie kamen earst ta harren rjocht yn de musicals dy't Annie M.G. Schmidt en Harry Bannink foar har skreaunen. Heerlijk duurt het langst wie yn 1965 fuortendaliks in súkses. Letter folgen noch ferskate oare musicals, sa as Wat een planeet, Met man en muis, En nu naar bed, Madam en De dader heeft het gedaan (1983).

Yn 1985 sette hja in punt efter har karriêre mei De Stuart Story, in samling âlde nûmers.

  • 1959 - Conny Stuart Zingt Liedjes Van Annie M.G. Schmidt: Neem Je Vos Terug + In M'n Pyjama / Zonder Jou + Ik Ben Zo Moe - 7-inch-ep - Philips - 422 376 PE
  • 1961 - Hoezenpoes / Yvonne De Spionne - 7-inch-ep - Philips - 433 078 PE
  • 1962 - Wiegeliedje (Je Vader Is Naar Venus) / Waterlooplein - 7-inchsingle - Philips - 318 722 PF
  • 1964 - Daar Komen De Schutters / Daar Stak Op 'nen Morgend ('t Maseurken) - 7-inchsingle - Philips - JF 327 681
  • 1966 - Het Is Over / Kleine Zwakke Vrouw (Uit De Musical Heerlijk Duurt Het Langst) - 7-inchsingle - Philips - JF 327 987
  • 1966 - Van Chanson Tot Musical - 12-inchelpee - Philips - P 12723 L
  • 1967 - Sterrit Met Conny Stuart - 12-inchelpee - Philips - P 12749 L
  • 1967 - Herr Heinzelmann / Wat Voor Weer? - 7-inchsingle - Philips - JF 333 661
  • 1968 - Zeur Niet / Temperament - 7-inchsingle - Philips - JF 333 994
  • 1970 - Conny Stuart Successen - 12-inchelpee - Philips - 6402 010
  • 1975 - Amsterdam Is Jarig - 12-inchelpee - Philips - 6343 254
  • 1977 - Cabaret - Vandaag Gisteren Morgen 14 - Conny Stuart - 12-inchelpee - Philips - 9286 800
  • 1980 - Conny Stuart Zingt Annie Schmidt - 12-inchelpee - EMI - 1A 062 26604 (produsint: Coen van Vrijberghe de Coningh)
  • 1984 - Louis Van Dijk & Conny Stuart - MC - Varagram - ?
  • 2002 - Portret Compleet - 4 cd's - Brigadoon Vocal - BIS 041
  • 2003 - Portret - 2 cd's - Brigadoon - BIS 048
  • 2003 - Portret Twee - 2 cd's - Brigadoon - BIS 049

Keppelings om utens

bewurkje seksje