Convair 240

In nij opmakke Convair 240

Fabrikant Convair
Earste flecht 16 maart 1947
Produksjejierren 1947-1955

De Convair 240 wie in Amerikaanske ferkearsfleanmasine, makke troch Convair yn it tiidrek 1947-1956. Convair makke totaal 571 tastellen.

Maaie 2004 wiene der noch 14 Convair 240's, 7 wien dat jier noch fleanree. 78 giene ferlern by ûngemakken.

It fleantúch waard ûntwurpen as konkurrint fan de Douglas DC-3. It tastel hie in drukkabine en twa sûgermotoren en hie plak foar 40 passazjiers.

De 240 by de KLM

bewurkje seksje

De Nederlânske KLM wie de earste Jeropeeske maatskippij dy't de Convair 240 oanhelle. De masine tsjinne dêr fan 1948 oant 1959 en waard letter opfolge troch ûnder oaren de Convair 340.

Technyske gegevens

bewurkje seksje
 
Miliêre ferzje: Convair C-131D Samaritan fan de US Air Force
Feiten
Bemanning 2 piloaten, 2 man kabinepersoniel
Passazjiers
Lingte 22,76 m
Spanwiidte 27,97 m
Hichte 8,20 m
Klimfaasje 460 m/min
Leechgewicht 11.545 kg
Startgewicht 19.283 kg
Krúsfaasje 450 km/o
Maks. faasje 507 km/o
Tsjinstplafond 4.880 m
Fleanberik 1935 km
Oandriuwing 2 Pratt & Whitney R-2800 CB16 18-sylinder-dûbelstjermotors fan 1764 kW (2400 hk) it stik

Keppeling om utens

bewurkje seksje