Curtiss C-46 Commando

Curtiss C-46 Commando


Rol Transportfleanmasine,
Passazjiersfleantúch
Makker Curtiss-Wright
Earste flecht 26 maart 1940
Yn tsjinst 1941
Ut tsjinst Beheind kommersjeel gebrûk
Tal makke 3.181 (1940-1945)
Grutste brûkers United States Army Air Forces, United States Air Force, United States Marine Corps, United States Navy
Farianten

De Curtiss C-46 Commando is in transportfleantúch dat ôflaat waard fan de Curtiss CW-20, in ferkearstastel mei drukkabine ornearre foar it fleanen op grutte hichte. Yn 't earstoan waard it tastel wol oantsjut mei de namme 'Condor III', mar ier yn 1942 brocht it bedriuw it tastel yn de publisiteit mei de namme Commando.[1] It tastel waard yn de Twadde Wrâldoarloch foar militêr transport brûkt troch de United States Army Air Forces en ek de F.S. marine/Marinekorps, dy't de oantsjutting R5C brûkten. De C-46 hie in likense rol as syn tsjinhinger fan Douglas, de C-47 Skytrain, mar der waarden lang safolle net fan boud. De C-46 tsjinne oan de fronten yn de Stille Oseaan en yn Jeropa.

In C-46 evakuearret ferwûnen út Manilla

Nei de oarloch waarden in lyts tal oerstallige C-46's koart skoft brûkt yn har' oarspronklike rol fan passazjiersfleantúch, mar koe de konkurrinsje mei de bulte oerstallige C-47s op de merk net oan, dat de C-46 waard rillegau alinne noch as frachtfleantúch brûkt. It type bleau yn in reserverol by de Amerikaanske Loftmacht yn tsjinst oant 1968.

De robúste C-46 bleau tsjinjen as frachtfleantúch oant yn de 21e iuw nei ôfhandige plakken, lykas it noardpoalgebiet (Alaska, it noarden fan Kanada en it reinwâld fan Kolombia en Bolivia.[2]

Technyske gegevens bewurkje seksje

Gegevens C-46R Commando
Type Passazjiers-/Frachtfleantúch foar middellange ôfstân
Oandriuwing twa R-2800-34 Double Wasp
18-sylinder-Dûbelestjermotors
Propeller Trijeblêds Hamilton, Constant Speed
Fermogen 2 x 2.130 hk
Topfaasje 435 km/o op 3.048 m hichte;
Tsjintsplafond 6.706 m
Fleanberik 2.897 km
Gewicht leech 13.290 kg
Maks. startgewicht 22.680 kg
Fleugelspanwiidte 32,92 m
Langte 23,27 m
Hichte 6,63 m
Fleugeloerflak 126,16 m²

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aeronautical Engineering Review, 1942 Vol 1, p. 50.
  2. Love 2003, s. 46–47.