Buffalo Airways is in loftfeartmaatskippij mei syn haadkantoar yn Hay River yn de provinsje Northwest Territories fan Kanada dy't yn 1970 oprjochte waard troch Joe McBryan, mei de bynamme "Buffalo Joe". Buffalo Airways is in sjarter- en lineflechtmaatskippij. Sy ferfiere sawol passazjiers as fracht yn de regio's Northwest Territories, Alberta en Yukon. Teffens fiere se blusaksjes by boskbrânen út en hawwe se tastellen foar it ferfier fan floeibere brânstoffen („Bulk Fuel“). De thúsbasis fan de float is it fleanfjild fan Yellowknife.
Buffalo Airways Your passage to the North
|
|
|
De earste DC-3 dy't "Buffalo Joe" kocht
|
Algemien
|
Oprjochte |
30 maaie 1970
|
Haadkertier |
Hay River, Kanada
|
Hub(s) |
Yellowknife Airport
|
Floatgrutte |
56 (2015)
|
Bestimmings |
2
|
Memmebedriuw |
Buffalo Airways Limited
|
Offisjele webside
|
[1]
|
Febrewaris 2015 bestie de float fan Buffalo Airways út 56 fleanmasines[1]. In grut part fan de float bestiet út klassike fracht- en passazjiersfleantugen mei sûgermotors fan sa'n 70 jier âld.
-
Yellowknife, fleanbasis Buffalo Air
-
Curtiss C-46 der Buffalo Airways
-
Lockheed L-188 Electra en Beechcraft 95 Travel Air fan Buffalo Airways