Douglas DC-3

(Trochferwiisd fan DC-3)
Douglas DC-3


Fabrikant Douglas Aircraft Company
Earste flecht 17 desimber 1935
Tal boud 10.655 + sa'n 5.437 yn lisinsje
Farianten Douglas C-47 Skytrain, Lisunov Li-2, Showa/Nakajima L2D, Basler BT-67, Conroy Turbo Three, Conroy Tri-Turbo-Three
Foar alle farianten sjoch en:List of Douglas DC-3 family variants

De DC-3 is in fleanmasine fan it Amerikaanske fleantúchfabryk Douglas Aircraft Company. Fan 1935 ôf oan binne der 10.655 stiks fan boud en ek noch 4.937 yn lisintje.

Dakota by in dropping op de Ginkelske heide op 16 septimber 2006 by de betinking fan de Slach om Arnhim
Douglas DC-3

De RAF neamde it tastel Dakota; de Amerikanen praten fan Gooney Bird. De Amerikaanske striidmacht brûkte ferskate typen: C-47 ''Skytrain'', C-49, C-50, C-52, C-53 (Skytrooper), C-68, C-84, C-117; by de Amerikaanske marine waard it tastel oantsjut mei R4D.

De DC-3 waard ûntwikkele út de DC-2. Yn de FSA wie ferlet fan in tastel wêr't pazzajiers yn sliepe koene, sadat transkontinintale flechten mooglik waarden. Yn 't earstoan hie it tastel dêrom sliepbanken. It waard doe mei DST oantsjut (Douglas Sleeper Transport). Lettere ferzjes hiene lykwols gewoane stuollen; earst 28 en letter 35 stiks. Sy krigen de typenamme DC-3.

De DC-3 makke op 17 desimber 1935 syn earste flecht. It robúste en betroubere tastel waard yn en nei de Twadde Wrâldoarloch brûkt as passazjiersfleantúch, transportfleantúch, sleper (ûnder mear foar de Horsa-sweeffleanmasines dy't by de Slach om Arnhim brûkt waarden)[1] en foar troepetransport en ferwûneferfier.

Nei de oarloch waard in diel fan de militêre DC-3's oan boargerloftfeartmaatskippijen ferkocht, ek oan de KLM. Sadwaane spile de DC-3 in wichtige rol yn it him ûntjaan fan de boargerloftfeart.
In part fan de militêre float bleau lykwols aktyf. Militêre DC-3's waarden ynset by de loftbrêge nei Berlyn yn 1948 en 1949. Ek yn de Fietnamoarloch waarden noch DC-3's brûkt, as troepeferfierder, mar guonts ek as gunship. De DC-3 waard dan útrisd mei masinegewearen en masinekanonnen. Dy tastellen krigen de type-oantsjutting AC-47.

De DC-3 wurdt ek yn de 21e iuw noch foar kommersjele flechten brûkt, al as net útrist mei turboprops. Dêrneist hawwe ferskate fleanklups en guon partikulieren in DC-3 dy't fleanree is.

De Suid-Afrikaanse Lugmag is hjoed de dei de iennichste yn de wrâld wêr't DC-3/C-47 Dakota noch in militêre rol hat. It tastel tsjinnet dêr foar ferfier en as platfoarm foar elektroanyske oarlochsfiering.

Spesifikaasjes (DC-3A)

bewurkje seksje
 
Cockpit fan DC-3
Algemien
  • Bemanning: 2, as 2 oant 4
  • Kapasiteit: 21–32 passsazjiers
  • Lingte: 64 ft 8 in (19.7 m)
  • Spanwiidte: 95 ft 2 in (29.0 m)
  • Hichte: 16 ft 11 in (5.16 m)
  • Fleugeloerflak: 987 sq ft (91.7 m2)
  • Leechgewicht: 16,865 lb (7,650 kg)
  • Maks. tastien gewicht: 25,199 lb (11,430 kg)
  • Branjekapasiteit: 822 gal. (3736 l)
  • Motor
  1. Motor: 2 × Wright R-1820 Cyclone 9-syl. luchtkuolle radiaal-sûgermotor, 1100 hk (820 kW) it stik
  2. Motor: 2 × Pratt & Whitney R-1830-S1C3G Twin Wasp 14-syl. yn twa rigen luchtkuolle radiaal-sûgermotors, 1200 hk (890 kW) it stik
  • Propellers: 3-blêds Hamilton Standard 23E50 mei diameter 11.5 ft (3.5 m)
Prestaasjes
  • Maks. faasje: 200 kn; 370 km/h (230 mph) at 8,500 ft (2,590 m)
  • Krúsfaasje: 180 kn; 333 km/h (207 mph)
  • Stall-faasje: 58.2 kn (67 mph; 108 km/h)
  • Tsjinstplafond: 23.200 ft (7.100 m)
  • Klimfaasje: 1,130 ft/min (5,7 m/s)
  • Belêsting fleugels: 25.5 lb/sq ft (125 kg/m2)
  • Power/mass: 0.0952 hp/lb (156.5 W/kg)

Dutch Dakota Association

bewurkje seksje

De Dutch Dakota Association (DDA) hâldt twa DC-3's fleanree, en makket dêrmei flechten foar donateurs en oaren. It earste tastel fan de Association, de PH-DDA, ferûngemakke by sa'n flecht boppe de westlike Waadsee op 25 septimber 1996; alle 32 ynsittenden ferlearen it libben. Dy fleanramp, bekend as de Dakotaramp, late ta strangere Nederlânske regels foar it fleanen mei histoaryske fleantugen.

Op 27- en 28 maaie 2006 wie der in fly-in foar DC-3's yn Lelystêd fan it Aviodrome.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Sjoch: Operaasje Market Garden