Douglas C-47 Skytrain

Douglas C-47 Skytrain


Rol Militêr transportfleanmasine
Makker Douglas Aircraft Company
Earste flecht 23 desimber 1941
Yn tsjinst 2023
Tal makke 10.174 (1936 oant 1945)
Grutste brûkers United States Army Air Forces,Royal Air Force
United States Navy
Royal Canadian Air Force
Foar de folsleine list fan brûkers sjoch: en:List of Douglas C-47 Skytrain operators
Farianten Douglas XCG-17

Douglas AC-47 Spooky
Douglas R4D-8
Foar alle farianten sjoch en:List of Douglas DC-3 family variants

De Douglas C-47 Skytrain of Dakota (RAF-oantsjutting) is in militêr transportfleantúch ûntwikkele út de sivile Douglas DC-3. It tastel waard yn de Twadde Wrâldoarloch op grutte skaal brûkt troch de alliearden en bleau gâns jierren yn tsjinst by ferskate militêre brûkers. Sawat 100 ferskillende striidkrêften fan lannen hawwe de C-47 brûkt en der binne mear as 60 ferskillende farianten fan it fleantúch produsearre.

De cockpit fan de Skytrain/Dakota Old Number 30
Ynterieur fan in C-47

Untwerp en ûntjouwing

bewurkje seksje

De C-47 ferskilde fan de passazjiers D-3 troch gâns wizigingen, lykas de útrissing mei in frachtdoar, takelbefêstiging en ferstevige flier, in ynkoarte sturtkegel foar sweeffleantugen en in astrodome yn it kabinedak.

Yn de Twadde Wrâldoarloch brûkten de striidkrêften fan in soad lannen de C-47 en oanpaste DC-3's foar it ferfier fan troepen, fracht en ferwûnen. De Amerikaanske marinebeneaming wie R4D. Goed 10.000 fleantugen waarden produsearre yn Long Beach en Santa Monica, Kalifornje, en Oklahoma City, Oklahoma. Tusken maart 1943 en augustus 1945 produsearre it fabryk yn Oklahoma City 5.354 C-47's. De produksje fan de troepetransportferzje, de C-53 Skytrooper, begûn yn oktober 1941 yn de Douglas Aircraft fabryk yn Santa Monica. It tastel miste de frachtdoar, takelbefêstiging en fersterke flier fan de C-47. Yn totaal waarden der mar 380 tastellen produsearre, omdat it bliken die dat de C-47 folle mearsidiger wie.

Operasjonele skiednis

bewurkje seksje

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

De C-47 wie fan fitaal belang foar it sukses fan gâns alliearde kampanjes, benammen dy by Guadalcanal en yn de jungles fan Nij-Guinea en Birma, dêr't de C-47 en syn marineferzje, de R4D, it alliearde troepen mooglik makken de mobiliteit fan it Japanske leger tsjin te gean. C-47's waarden brûkt foar lofttransporten nei de omsingele Amerikaanske troepen by de Slach om Bastogne yn België. De meast ynfloedrike rol yn de militêre loftfeart wie lykwols it fleanen fan "The Hump" fan Yndia nei Sina. De ûnderfining mei "The Hump" kaam letter goed tepas by de Berlynske loftbrêge, dêr't de C-47 in wichtige rol yn spile.

Yn Europa waarden de C-47 en in spesjalisearre parasjutistefariant, de C-53 Skytrooper, yn grutte oantallen brûkt yn de lettere stadia fan de oarloch, benammen om sweeffleantugen te slepen en parasjutisten ôf te setten. By de ynvaazje fan Sisylje yn july 1943 dropten C-47's 4.381 alliearde parasjutisten. Goed 50.000 parasjutisten waarden troch C-47's yn de earste dagen fan de D-Day-kampanje dropt, ek bekend as de ynvaazje fan Normandië, Frankryk, yn juny 1944. Yn'e oarloch yn de Stille Oseaan waarden C-47's, mei gebrûk fan 'e lâningsbanen op 'e eilannen, brûkt om soldaten dy't yn 'e Stille Oseaan tsjinnen, werom te bringen nei de Feriene Steaten.

Likernôch 2.000 C-47's (ûntfongen ûnder Lend-Lease) yn Britske en Gemenebest tsjinst krigen de namme "Dakota", mooglik ynspirearre troch it akronym "DACoTA" foar Douglas Aircraft Company Transport Aircraft.

Nei de oarloch

bewurkje seksje
 
C-47s op Fleanfjild Tempelhof by de Berlynske loftbrêge

It Strategic Air Command fan de Amerikaanske loftmacht hie Skytrains yn tsjinst fan 1946 oant 1967. It 6e Special Operations Squadron fan de Amerikaanske loftmacht fleach mei de C-47 oant 2008.
Omdat al har fleantugen en piloaten diel útmakken fan de Yndiaaske loftmacht foar de ûnôfhinklikheid brûkten sawol de Yndiaaske loftmacht as de Pakistaanske loftmacht C-47's om foarrieden te ferfieren nei harren soldaten dy't fochten yn de Yndo-Pakistaanske oarloch fan 1947.
Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden tûzenen oerstallige C-47's omboud ta boargerloftfearttastellen, dêr't guon fan yn 2012 noch hieltyd yn bedriuw binne, ek militêr, en ek as priveefleantúch brûkt wurde.

Fjetnamoarloch

bewurkje seksje
 
In Douglas C-47 Skytrain lânet op 'e filmset fan The Monuments Men by it Ryksoarlochsmuseum Duxford, yn Cambridgeshire

Ferskate C-47-farianten waarden yn de Fjetnamoarloch brûkt troch de Amerikaanske loftmacht, wêrûnder trije avansearre farianten foar elektroanyske oarlochsfiering, dy't soms "electric gooneys" neamd waarden, oantsjut as EC-47N, EC-47P of EC-47Q, ôfhinklik fan de brûkte motor. Boppedat waarden HC-47's brûkt troch it 9 th Special Operations Squadron foar psychologyske oarlochsfiering boppe Súd-Fjetnam en Laos.
Miami Air International, Miami International Airport wie in USAF militêr depot dat brûkt waard om de kommersjele DC-3 s / C-47 s om te bouwen foar militêr gebrûk. Se waarden as kommersjele fleantugen kocht fan loftfeartmaatskippijen út de tredde wrâld en waarden folslein ôfbrutsen, fannijs boud en revisearre. Sy krigen brânstoftanks foar lange ôfstannen, ferbettere avionika en geskut. Se waarden as earsteklasse militêre fleantugen op ferskate missys yn de striid yn Fjetnam ynset. EC-47's waarden ek brûkt troch de Fjetnameeske, Laotiaanse en Kambodjaanske loftmacht.

Technyske gegevens

bewurkje seksje
Parameters C-47
Bemanning twa oant fjouwer
Lingte 19,66 m
Spanwiidte 29,98 m
Hichte 5,16 m
Fleugeloerflak 91,7 m²
Lingte fleugel 9,8
Gewicht leech 7700 kg
Startgwicht 13.190 kg
Oandriuwing twa dûbelstjermotors Pratt & Whitney R-1830-92 Twin Wasp fan 1200 hk it stik
Heechste faasje 368 km/o op 2680 m
Krúsfaasje 280 oant 297 km/o
Tsjinsthichte 7350 m
Fleanberik (sûnder ekstra branjetanks) 2160 km

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: