Conventico-grotten

De Conventico-grotten binne histoaryske grotten yn Melilla la Vieja, yn 'e Spaanske stêd Melilla, oan 'e noardkust fan Afrika. Se binne tagonklik út it Museum fan de Religieuze Keunst wei en binne part fan it Histoarysk Kompleks fan' e stêd Melilla, in Spaansk kultureel erfgoed. [1] [2]

Conventico-grotten
Cuevas de Conventico
  museum
Lokaasje
lân flagge fan Spanje Spanje
plak Melilla
Algemiene gegevens
type museum en grotten
oprjochting 18e iuw
Kaart
Conventico-grotten (Spanje)
Conventico-grotten

De grotten wiene oarspronklik natuerlike grotten dy't troch it wetter útsliten waarden yn Cala de Trápana. Se waarden troch Fenisyske, Romeinske en Arabyske seelju brûkt om beskûl te sykjen troch har skippen yn 'e grutte holten nei binnen te farren. Letter waarden se troch de Spanjerts brûkt, dy't yn 'e 18e iuw ferskillende lagen boppe de natuerlike grotten ôfgroeven om iten op te slaan. Har meast ferneamde funksje wie doe't se brûkt waarden om de befolking ûnder it belis fan Melilla (1774-1775) te húsmanjen.

Yn 1925, mei de oanlis fan de haven fan Melilla, waard de ynham nei de grotten dempt mei sân en doe foarme him dêr in strân. Tusken 1993 en 1995 waarden de bôge yn paraboalfoarm en de muorren rjochting Cala de Trápana boud, en letter waarden bakstiennen ferwulften op de tredde ferdjipping boud en de strjitten dêrboppe, Miguel Acosta en Concepción, waarden ferhurde fanwegen it risiko op ynstoarten. De grotten waarden doe tagonklik foar besikers. Dat foel gear mei it 500-jierrich bestean fan 'e Spaanske besetting fan Melilla mei de ynstallaasje fan houten beflierrings. Tusken 1998 en 2000 waard de earste ferdjipping fersterke, alle ferdjippings waarden mei-inoar ferbûn, en húskes en in rioelwettersuveringsynstallaasje waarden boud ûnder de treppe dy't nei Trápana rint.[3]

De grotten hawwe in grutte iepen holte, fersterke troch in bôge yn paraboalfoarm fan stien en bakstien en trije ferdjippings dy't mei-inoar ferbûn binne. De leechste bestiet út twa krusende skippen en waard brûkt as tsjerke; de middelste, út in mei-inoar ferbûne keamers en mei ruten nei bûten; de heechste liket op de middelste, mar mei lytsere en legere keamers.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: