Cornelis Outshoorn
Cornelis Outshoorn (Nijfean, 16 augustus 1812 – Amsterdam, 23 april 1875) wie in Nederlânske yngenieur en arsjitekt.
WurkBewurkje
Outshoorn boude as yngenieur, yn tsjinst fan Hollandse IJzeren Spoorweg Maatschappij, yn it earste plak spoarbrêgen en spoarstasjons. As selsstannich arsjitekt ûntwurp er letter ferskate foaroprinnende gebouwen yn Amsterdam, lykas it Paleis voor Volksvlijt (1855-1864) en it Amstel Hotel (1867).
Oare bouwurken fan syn hân wiene Stasjon Amsterdam Willemspoort (1843), Hotel d'Oranje (1869, sloopt yn 1950) yn Skeveningen, hotel Groot Berg en Dal (± 1869) yn Beek by Nymwegen en sosjeteit De Witte (1870) yn Den Haach.
Sjoch ekBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cornelis Outshoorn fan Wikimedia Commons. |