Stasjon Amsterdam Willemspoarte

(Trochferwiisd fan Stasjon Amsterdam Willemspoort)

Stasjon Amsterdam Willemspoarte wie in stasjon oan de Alde line en Steatsline K yn Amsterdam yn de provinsje Noard-Hollân. It stasjon stie yn it hjoeddeiske Westerpark, tsjinoer de Willemspoarte.

Stasjon Amsterdam Willemspoarte
station Amsterdam Willemspoort
Rotterdam Delftsche Poort yn 1878.
Rotterdam Delftsche Poort yn 1878.
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
arsjitektuer
type Kopstasjon
iepening 4 oktober 1842
sluting 15 oktober 1878
boujier 1843
sloopjier 1878
arsjitekt Cornelis Outshoorn
oare ynformaasje
spoarline Alde line
Steatsline K
kaart
Stasjon Amsterdam Willemspoarte (Amsterdam)
Stasjon Amsterdam Willemspoarte
 
Lokaasje fan Stasjon Willemspoarte westlik fan de Singelgrêft yn 1843. Rjochts ûnder de út 1840 datearjende Willemspoarte.
 
Stasjon Willemspoort mei der efter in stellingmûne.

It stasjon waard boud as ferfanger fan it earste stasjon fan Amsterdam, d'Eenhonderd Roe, Dit stasjon lei krekt bûten de grins fan de stêd Amsterdam op it grûngebiet fan de gemeente Sleat. Nei 't de HIJSM oerienstimming mei de stêd Amsterdam berikt hie, koe yn 1842 stasjon Amsterdam Willemspoarte boud wurde. It stasjonsgebou kaam ree yn 1843 en die tsjinst oant 1878.

Al stie ek dit stasjon oant 1877 noch krekt op it grûngebiet fan de gemeente Sleat. It stasjon wie lykas de poarte boud yn klassisistyske styl. Yn datselde jier 1843 kaam oan de oare kant fan de stêd it stasjon Weesperpoarte yn gebrûk foar de treinen nei Utert.

Stasjon Willemspoarte wie it nulpunt fan de kilometertelling fan de spoarline fan Amsterdam nei Rotterdam; de âlde Line. Nei de omlizzing fan de spoarline benoarden de Willemspoarte yn de rjochting fan it lettere Sintraal Stasjon kaam it nulpunt efkes westlik fan de spoarbrêge oer it Westerkanaal te lizzen.

Yn 1878 waard it stasjon ôfbrútsen, en waard der in begjin makke mei de bou fan in nij Sintraal Stasjon op it yn it IJ oanleine Stasjonseilân. Oant it ree kommen fan it nije stasjon waard der gebrûk makke fan it tydlike Stasjon Amsterdam Westerdok.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: