Stasjon d'Eenhonderd Roe

Stasjon d'Eenhonderd Roe wie in stasjon oan de Alde line yn Amsterdam yn de provinsje Noard-Hollân. It stasjon stie yn it hjoeddeiske Westerpark. It wie mei Stasjon Haarlim it earste stasjon fan Nederlân

Stasjon d'Eenhonderd Roe
station d'Eenhonderd Roe
Stasjon d'Eenhonderd Roe.
Stasjon d'Eenhonderd Roe.
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
arsjitektuer
type Kopstasjon
iepening 20 septimber 1839
sluting 4 oktober 1842
boujier 1839
sloopjier 1842
oare ynformaasje
spoarline Alde line
kaart
Stasjon d'Eenhonderd Roe (Amsterdam)
Stasjon d'Eenhonderd Roe

It stasjon wie ferneamd nei de útspanning "Herberg d'Eenhonderd Roe" dy lei oan de súdkant fan de Haarlimmertrekfeart krekt bûten Amsterdam yn de gemeente Sloten, op in ôfstân fan hûndert roeden (hast fjouwerhûndert meter) westlik fan de Haarlimmerpoarte. De útspanning wie mei in houten brêge oer de Haarlimmertrekfeart ferbûn mei it stasjon. Op 20 septimber 1839 gie de earste Nederlânske trein fuort, fia Halfweg nei Haarlim, lutsen troch twa lokomotiven: de Arend en de Snelheid.

Nei't de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM) oerienstimming mei de stêd Amsterdam berikt hie oer in stasjon tichter by de stêd, waard yn 1842 Stasjon Amsterdam Willemspoarte yn gebrûk nommen. Dit stasjon lei tsjinoer de yn 1840 boude Willemspoarte, de tsjintwurdige Haarlimmerpoarte, en makke d'Eenhonderd Roe oerstallich.

Der is hjoed-de-dei neat mear fan it stasjon en stasjonsgebou werom te finen. Op inisjatyf fan reizgersferiening Rover is op de oarspronklike stasjonslokaasje fan d'Eenhonderd Roe yn 2009 in plakette ûntbleate, as earbetoan oan it earste stasjon fan Nederlân. Dy plakette is te finen yn it Westergasfabryk op 'e hichte fan Polonceaukade 13.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: