Cornelis Simon Adriaan Albarda
Cornelis Simon Adriaan Albarda (Ljouwert, 26 maaie 1916 – Mollens, 11 febrewaris 1996) wie in Nederlânske politikus fan Frysk komôf.
Hy wie in soan fan apteker Simon Cornelis Albarda (1875-1926) en Adriana Maria Petronella Baert (1885-1975). Hy wie as kommys wurksum by de gemeente Lienden yn Gelderlân en waard dêr yn july 1946 oanwiisd as waarnimmend gemeentesekretaris. Yn 1954 waard Albarda beneamd ta boargemaster fan it Gelderske Maurik. Dat amt beklaaide er oant 1978.
Hy ferstoar yn 1996 yn de âldens fan 79 jier yn Switserlân.