Cornelis de Man (Delft, 1 july 1621 – dêre, 1 septimber 1706) wie in Nederlânsk keunstskilder dy't ta de Hollânske Skoalle hearde.

Portret fan de Man fan Tako Hajo Jelgersma, Bysûndere Kolleksjes, Universiteit Leien.

De Man wie warber yn Delft. Hy makke yn 1639 in skilderij fan it walfiskstasjon op Spitsbergen neffens in Deensk orzjineel. Hy bylde der allerhanne aspekten fan it libben yn it poalgebiet op ôf. Hy wie dêr sels lykwols noait west. Dit soarte gearstalde skilderijen, dy't ek wol atelierstikken neamd wurde, komme faak foar yn de 17e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: