Cornelis den Besten

Cornelis den Besten (Minnertsgea, 21 septimber 1894 - ûnbekend) wie in Nederlânske jurist en nasjonaalsosjalistyske politikus.

Cornelis den Besten
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 21 septimber 1894
berteplak Minnertsgea
stjerdatum ?
stjerplak ?
partij NSB
Boargemaster fan Apeldoorn
amtsperioade 1941-1942
opfolger Dirk Frans Pont

Den Besten wie Dútsksinnich en sleat him yn 1933 oan by de NSB. Foar't Den Besten op 10 july 1941 ynstallearre waard as boargemaster fan Apeldoorn wie er jurist yn Utert, dêr't de dichter Hendrik Marsman syn kantoargenoat wie. Fanwegen in kûlante hâlding tsjinoer Joaden waard Den Besten op 20 augustus 1942 ûntslein en opfolge troch Dirk Pont. Nei de oarloch waard Den Besten troch it Tribunaal fan Apeldoorn feroardiele, mar waard er nei it proses fuortendaliks yn frijheid steld. Hy ferlear wol syn kiesrjochten.

Den Besten troude twaris en hie trije bern. Soan Ad den Besten (1923-2015) wie dichter, essayist en útjouwer fan poëzy.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: