Corversbosk
De Corversbosk is in bosk oan de râne fan Hilfertsom. Oan de eastkant wurdt it begrinze troch it doarp, oan de westkant giet de bosk oer yn it gebiet fan de 's-Gravelânske bûtenpleatsen.
De Corversbosk is ± 100 hektare grut en leit ferskûle yn it Goai, op de grins fan de eardere ûndjippe Loosdrechtse feangebieten, op glasiaal sân tsjin de Goaiske stuwwâl. De bosk bestiet no út in tal mingde bosken en opsluten greide- en bougrûnen, wêrûnder in stikmannich ikkers fan sa'n 10 ha.
Dy grûnen, ynklusyf it al besteande bûten "Gooilust", waarden yn 1777 diels oankocht diels pachte troch Gerrit Corver Hooft, de lêste baljuw fan "Gooilandt". It natoergebiet is sûnt 1937 ûnder behear fan de Feriening ta Behâld fan Natoermonuminten. Yn de bosk lizze in pear âlde pleatsen, dêr't de âlde suvelpleats "Corversbosch" -nei in brân om 1870 hinne werboud tichter by de Goaiske Feart- en it âldere mingde bedriuw "Corvershof" op de grins fan Gooilust de bekendste monuminten fan binne.
De pleats "In d'Lonsvaerder" dy't njonken it begraafplak krekt bûten de bosk foar de "stiennen brêge" oer leit, stamt út de 17e iuw en is in ryksmonumint. De stâl fan de pleats Corversbosch hat yn de neioarlochske jierren tsjinst dien as it besikerssintrum fan de feriening Natuermonuminten. De bosk is yn de hongerwinter fan 1944 foar it meastepart kapt, mar der binne noch in pear steatige âlde bûkeleanen út de tiid dat de bosk part fan Gooilust wie. Fan de histoaryske wei fan it 's-Gravelânske kastiel "Trompenburgh" nei de Hilfertsomske Trompenberch binne allinnich de kontoeren oer. De bosk hat ek in rike lânseigen fauna fan ûnder oaren reeën, hazzen, foksen, ringslangen, hauken en ûlen.