Country Airplay
Country Airplay is in Amerikaanske hitlist mei sechstich plakken foar singles fan countrymuzyk, dy't útslutend gearstald wurdt op basis fan airplay: hoe faak oft in liet op 'e radio draaid wurdt. De list wurdt sûnt 20 jannewaris 1990 ienris yn 'e wike publisearre troch it tydskrift Billboard. De earste nûmer 1-hit op Country Airplay wie Nobody's Home fan Clint Black. De lieten dy't it langste op nû. 1 yn 'e Country Airplay-list stien hawwe, binne Amazed fan Lonestar (1999) en It's Five O'Clock Somewhere fan Alan Jackson en Jimmy Buffett (2003), dy't it earste plak allebeide 8 wiken fêstholden. More Than a Memory, fan Garth Brooks, út septimber 2007, is it iennichste liet dat op Country Airplay ea út it neat wei nei nûmer 1 ta sprongen is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |