Creeping Death is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1984 en útbrocht op it twadde album fan Metallica Ride the Lightning 1984. Creeping Death is it sânde nûmer op it album en waard op 23 novimber 1984 útbrocht as twadde single fan it twadde album.

Creeping Death
algemiene ynformaasje
B-kant Am I Evil? (Blitzkrieg cover)
artyst Metallica
album Ride the Lightning
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 23 novimber 1984
opnommen 20 febrewaris14 maart, 1984
doer 6:36
label Megaforce
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich,
Cliff Burton,
Kirk Hammett
produsint Metallica,
Flemming Rasmussen

Oer it nûmer

bewurkje seksje

De tekst beskriuwt inkelde fan de Tsien Plagen út it bibelboek Exodus. It nûmer soe syn titel te tankjen hawwe oan in momint wêrop 't de band de film The Ten Commandments oan it sjen wie. Op in stuit yn de film spruts bassist Cliff Burton: "Whoa, that's like creeping death!" wêrnei't sjonger James Hetfield sei: "Whoa, man, write that down, sheer poetry!"

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Cliff Burton - Bas
  • Lars Ulrich – Drums